Provinsjaal geurbelied foar bedriuwen
Resint ferskynd
Fryslân hat geurregels foar bedriuwen opsteld. Dêrmei kin de provinsje de tastiene stankoerlêst troch bedriuwen yn ’e gaten hâlde. Dat moat besteande stankoerlêst tebekkringe en takomstige problemen foarkomme. Neffens it Ryksbelied stelle gemeenten en provinsjes fêst wat in akseptabel stanknivo is. Mei dy regels ûntstiet mear dúdlikens nei bedriuwen en omwenners ta. De FUMO stelde de regels op yn opdracht fan de provinsje.
Mei dat belied is der no in dúdlike wurkwize dêr’t de provinsje op toetse kin. It toetsingsramt stelt net in noarm mar in rjochtwearde. Elke situaasje is unyk en stankoerlêst yn in wenwyk freget om in oare behanneling as dy op in bedriuwsterrein. Boppedat stjit elk bedriuw in oare rook út en is de noarm foar bygelyks in bakkerij oars as foar in fabryk dat mei gemyske stoffen wurket. De tastiene noarm moat foar elk bedriuw apart yn de fergunning komme te stean.
Hanthavening
Foar guon bedriuwen is de provinsje it foechhawwende gesach. Dêr jilde de provinsjale regels foar. Foar oare bedriuwen binne gemeenten dat gesach. Dy bepale harren eigen noarmen. Om dochs in breed droegen rookbelied te krijen binne alle gemeenten yn it foartrajekt behelle. Dat makket dat yn hiel Fryslân safolle mooglik deselde noarmen brûkt wurde.
De provinsje kontrolearret fia de FUMO oft de bedriuwen foldogge oan de stankútstjit sa’t dy ôfpraat is. De regels jilde net foar feehâlderijen. Dy falle ûnder de wet ‘Geurhinder en Veehouderij’ of it ‘Activiteitenbesluit Milieubeheer’.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje