Protte sabeare profilen fan Facebook ôfhelle

novimber 14, 2019 08:56

Facebook hat it ôfrûne healjier twa kear safolle sabeare profilen ferwidere as yn deselde perioade yn 2018. Dat skriuwt it bedriuw yn in rapport oer skealike berjochtjouwing op de platfoarms Facebook en Instagram.

Tusken april en septimber dit jier waarden neffens it bedriuw 3,2 miljard nepprofilen fan Facebook helle, tsjin 1,5 miljard yn deselde perioade yn 2018. Hoefolle sabeare profilen der yn totaal binne, is net dúdlik. Fierder binne der yn it ôfrûne healjier 11,4 miljoen stokeljende berjochten fuortsmiten, tsjin 5,4 miljoen yn it twadde en tredde fearnsjier fan ferline jier.

Facebook leit al jierren ûnder fjoer, om’t it bedriuw te min dwaan soe tsjin de fersprieding fan opstokeljende berjochten en nepnijs.

novimber 14, 2019 08:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.