Princessehof presintearret soloútstalling Jennifer Tee

novimber 4, 2019 08:23

Fan 23 novimber 2019 o/m 25 oktober 2020 presintearret Keramykmuseum Princessehof it wurk fan Jennifer Tee (Arnhim, 1973). De útstalling Jennifer Tee: Falling Feathers lit ferskate skulpturale wurken sjen, wêrûnder fantasyrike kollaazjes en twa ynstallaasjes fan swarte en wite porsleinen fearren. Tee har wurk ûnderskiedt him troch in kombinaasje fan krêft en ynbannigens, dêr’t se de taskôger mei útnûget om in nije wrâld yn te gean.

Wurk fan Jennifer Tee (boarne: Princessehof)

The soul in limbo
Yn har wurk stiet the soul in limbo sintraal. Tee is yntrigearre troch in ‘tuskensteat fan wêzen’, lykas it gebiet tusken it fysike en it psychyske of de oergong tusken libben en dea. Hja ûndersiket ek de feroarlikens en kompleksiteit fan it bestean wêryn’t kultueren konstant yninoar oer rinne.

Jennifer Tee
Jennifer Tee studearre yn Amsterdam oan de Gerrit Rietveld Academie, it Sandberg Instituut en de Rijksakademie van Beeldende Kunsten. Hja hie residinsjes yn Sina, Australië en de Feriene Steaten. Hja wûn ferskate prizen, ûnder mear twa kear de Uriotpriis, de Prix Nouvelles Images en de Cobra Kunstprijs Amstelveen. Noch net salang lyn waard har wurk útstald by de Biënnale fan Istanbul (2019), de Biënnale fan São Paulo (2018) en yn it Camden Arts Centre yn Londen (2017).

novimber 4, 2019 08:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.