Priisútrikking poëzykriich Frysk Bûsboekje

novimber 30, 2019 08:57

De karkommisje is derút! Op de oprop om gedichten yn te stjoeren hat it Bûsboekje sechstjin ynstjoeringen krigen fan yn totaal tsien dichters. In moaie rispinge!

De Bûsboekjeredaksje nûget elkenien graach út om oanwêzich te wêzen by it bekendmeitsjen en de priisútrikking op tiisdei 3 desimber yn kafee Luwt yn Ljouwert. De priis en de oanmoedigingspriis sille útrikt wurde troch de kultuerdeputearre fan de provinsje Fryslân Sietske Poepjes.

Program:

–              16 oere: wolkom mei kofje/tee of wat oars

–              16.15 oere: bekendmeitsjen priiswinners

–              Priisútrikking troch deputearre Sietske Poepjes

–              Romte foar poëzy!

–              Neipetear en noch wat drinke

De poëzykriich wurdt organisearre, omdat it nije Fryske Bûsboekje (2020) klear is. De 45e edysje, in lustrum! Dit jier is it tema: “tiid. In moai tema foar in boekje dat jo it hiele jier troch yn de bûse hawwe. In feilich plak yn dizze digitale tiden en mei ynternet, dat net mear sa feilich is. Direkte oanlieding foar it tema is de aktuele diskusje oer simmer- en wintertiid dy’t it kommende jier grif trochgiet. Wêr kieze wy foar: simmertiid of wintertiid? Wurdt 2020 it lêste jier dat wy twaris de klok fersette?

Graach efkes trochjaan oan redaksje@busboekje.frl oft en mei hoefolle minsken jim komme.

Yn it ramt fan it 45e Fryske Bûsboekje (edysje 2020), tema: tiid
Plak: Luwt, Kelders 9, Ljouwert
3 desimber, 16-18 oere

novimber 30, 2019 08:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.