Premjêre ‘Grutsk’, in film oer de takomst fan de melkfeehâlderij

novimber 6, 2019 08:48

By it Noardlik Filmfestival yn Ljouwert giet de film Grutsk yn premjêre. Grutsk is in dokumintêre oer de takomst fan de melkfeehâlderij. Seis boeren út Fryslân mei in ferskillende bedriuwsfiering komme oan it wurd. Hoe gean sy om mei de transysje fan de lânbou en is dy transysje fan harren boerebedriuw ek needsaak?

Foto: morguefile.com

De film lit sjen hoe’t dizze seis boeren omgean mei de feroaringen dy’t op harren ôfkomme. Hokker alternativen binne der foar de tradisjonele melkfeehâlderij? Wat is de bêst helbere harmony tusken de melkfeehâlder, it lânskip, de natuer en de maatskiplike akseptaasje? Yn de dokumintêre sette de boeren harren fyzje útien. Kânsen wurde besjoen,.en oan de hân fan praktykfoarbylden wurdt sjoen nei de foar- en neidielen fan elk bedriuwstype. Dizze boeren binne dêr in ynspiraasje foar oaren by.

Tema’s
De film beljochtet ferskate aspekten fan it boerebedriuw.

  • Moat de melkfeehâlderij feroarje? Wêrom en hoe?
  • ‘Van intensivering naar extensivering van het agragrisch bedrijf’, is dat in goed útgongspunt? Sa ja, wêrom?
  • ‘Het moet in balans met de natuur en niet in strijd ermee’, doocht dy stelling?
  • Wat binne ynteressante bedriuwsmodellen foar jonge boeren? Rekken hâldend mei it foargeande en in goed fertsjinmodel?

Doel fan de film
Rob Busquet is film- en dokumintêremakker. De film Grutsk is bedoeld om ynsichten te jaan en te ynspirearjen en spilet yn op de hjoeddeistige tematyk. Hy hopet dat de film brûkt wurdt as in startpunt foar diskusjes oer de takomstige bedriuwsfiering fan boeren.

Premjêre
Grutsk is mei mooglik makke troch provinsje Fryslân, Wetterskip en LTO Noord. It Noordelijke Film Festival is fan woansdei 6 novimber o/m snein 10 novimber yn Ljouwert. De film Grutsk wurdt fertoand op tongersdei 7 novimber om 14.15 oere, yn de blauwe teaterseal fan Slieker Film.

novimber 6, 2019 08:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.