Petearen mei Fryslân oer stikstoftûkelteammen

novimber 9, 2019 09:36

Yn de kommende twa wike sil de provinsje Fryslân mei belanghawwende sektoaren redendiele oer de stikstoftûkelteammen. Yn dizze faze hat de provinsje petearen mei fertsjintwurdigers út ’e lânbou, natuer, bou, ferfier en bedriuwslibben. Dy petearen binne in earste oanset nei in brede dialooch mei Fryslân.

It provinsjehûs yn Ljouwert (foto: pixabay.com)

Op freed 11 oktober 2019 luts de provinsje Fryslân de beliedsregels stikstof yn. Oanlieding dêrfoar wie de krityk út ‘e lânbou wei en fan oare belanghawwenden op de regels sels en op it tekoart oan ferbûnens by de oanpak fan de stikstofproblematyk. De provinsje lûkt him dy krityk oan. It ynlûken fan de beliedsregels betsjut yn ‘e praktyk dat it ferlienen fan fergunnings frijwol stilleit. It is needsaaklik om dêr in oplossing foar te finen. De ferantwurdlik deputearren fan de provinsje Fryslân geane dêr mei fertsjintwurdigers fan belanghawwende sektoaren oer yn petear.

Doel fan de petearen
It doel fan de petearen is om te harkjen nei wat der yn de sektor libbet, wêr’t de belanghawwenden har soargen oer meitsje. Dêrneist is it de ferwachting dat it Ryk yn gearspraak mei it IPO (Interprovinciaal Overleg) op 1 desimber mei oanfoljende regels foar fergunningferliening komt. By de ynset rjochting it Ryk en IPO wol de provinsje de ynformaasje út de petearen mei sektoaren behelje. De dynamyk yn it stikstofdossier is lykwols tige heech. It is net út te sluten dat it Ryk op grûn fan syn foech yn de perioade oant 1 desimber al besluten nimt.

Ferfolch
De oriïntearjende petearen binne in earste stap nei wiidweidich redendiele mei Fryslân. De provinsje wol graach mei belanghawwenden gearwurkje oan duorsume oplossings foar de stikstoftûkelteammen. De wichtichste fraach is hoe’t yn oerienstimming mei de útspraak fan de Ried fan Steat in fermindering fan stikstof op Natura 2000-gebieten te realisearjen is. Dêrmei komt skielk wer mear romte foar nije ûntwikkelings.

Underwilens binne der fan ferskate persoanen en organisaasjes alderlei ideeën oer de stikstofoanpak by de provinsje ynkommen. Dêr giet de provinsje ek graach mei de yntsjinners oer yn petear.

novimber 9, 2019 09:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.