Pakistaanske terrorist Usman Khan stekt yn Londen minsken del

novimber 30, 2019 15:07

Nei in oanslach op ‘e bekende brêge London Bridge yn Londen hawwe de politike partijen yn it Feriene Keninkryk de ferkiezingskampanjes ynearsten stillein. De 28-jierrige terrorist Usman Khan hat op dy brêge freedtejûn twa minsken deastutsen en trije oaren ferwûne. De plysje hat de man deasketten.

Khan waard yn 2013 feroardiele foar terrorisme. Hy wie doe mei acht oaren in oanslach op ‘e effektebeurs yn Londen oan it tarieden. Fierders wurke er oan it opsetten fan int treningskamp foar islamityske terroristen yn Pakistan. Hy waard neffens wizânsje ein 2018 automatysk earder frijlitten, hoewol’t er noch net ienris de helte fan syn finzenisstraf útsitten hie. Hy moast wol in ankelbân drage. It Britske regear lit ûndersykje hoe’t it kin dat sokke gefaarlike lju samar wer op frije fuotten komme kinne.

De oanslach begie Khan by in reyntegraasjeles dy’t hy mei oare misdiedigers folgje moast by in dosint fan ‘e universiteit fan Cambridge. Dy les wie yn in gebou op ‘e brêge. Hy rôp dat er it gebou opblaze soe en stiek ûnderskate minsken mei in mes. Omstanners griepen yn, wêrûnder in feroardiele moardner. De plysje wie yn in pear minuten teplak en skeat Khan dea.

It Feriene Keninkryk hat al gâns oanslaggen meimakke. Fjirtjin dagen tebek wie it offisjele drigingsnivo foar oanslaggen krekt ferlege fan ‘tige heech’ nei ‘heech’.

novimber 30, 2019 15:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.