Opus 10 – tsjien jier koarprojekt Opus

novimber 2, 2019 09:26

Stichting Koarprojekt Opus belibbet dit jier syn twadde lustrum. Dat wurdt fierd mei de útfiering fan ‘Requiem for the Living’ en ‘Jubilate Deo’ (Nederlânske premjêre) fan Dan Forrest (1978). Forest is in ferneamd Amerikaansk komponist fan koar- en orkestwurken (klik hjir).

Under de artistike lieding fan dirigint Arnaud Oosterbaan wurde dy wurken brocht op 8 novimber yn Kampen (Bovenkerk), 9 novimber (Bonifatiustsjerke) yn Ljouwert en op 10 novimber yn Amsterdam (Concertgebouw). Oan de produksje wurkje 140 sjongers en ynstrumintalisten mei.

It koar bestiet út 64 betûfte amateursjongers fan Opus en 25 bern fan it Groninger Kinder- en Jeugdkoor. De ynstrumintale begelieding wurdt dien troch Orkest Nootstroom, in ynspirearjend ensemble fan profesjonele musisy.

De solisten binne Jeannette van Schaik, sopraan, Rosina Fabius, mezzosopraan en Sander de Jong, tenoar, Zheng Sun, erhu, João Monteiro, gitaar en Sander van den Houten, oargel. Dan Forrest is – sa’t de Opus-tradysje it wol – as composer in residence by alle trije konserten oanwezig.

Opus kombinearret de muzyk altyd mei in oare keunstfoarm. Dit jier is keazen foar de ljichtkeunst fan Lumiteus.
De muzyk is meislepend en leit goed yn it gehoar. De ljochtshow is ymposant.

Hjir is de ynformaasje te finen oer de data en tiden en it keapjen fan kaartsjes. Dat kin online en – as der noch plak is – oan de sealen.

novimber 2, 2019 09:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.