Omrop Fryslân makket searje oer praktykûnderwiis

novimber 29, 2019 08:57

It soe in einstasjon wêze, in skoalle foar bern mei in learefterstân dy’t gjin kâns meitsje op in diploma en wurk. Oer it praktykûnderwiis en syn learlingen besteane in soad foaroardielen. Omrop Fryslân hat dêrom yn gearwurking mei it praktykûnderwiis Fryslân in telefyzjesearje makke. Yn Ik bin PRO rint presintator Raynaud Ritsma hast in jier lang mei op trije Fryske skoallen foar praktykûnderwiis, om ris efter it stigma fan ‘min learende bern sûnder takomstperspektyf’ te sjen.

Ofbylding: Omrop Fryslân

Ofrûne wike waard bekendmakke dat learlingen fan it praktykûnderwiis dy’t oan harren earste baan begjinne, ek kommend jier op begelieding rekkenje kinne. It regear hat dêr jild foar frijmakke. Yn Fryslân geane sa’n 1500 bern nei it praktykûnderwiis. Sy kinne it vmbo-diploma net helje om’t sy muoite hawwe mei learen. In soad bern yn it praktykûnderwiis hawwe lêst fan in leech selsbyld.

Unterjochte stimpel
De petearen makken ek op de opnameploech in soad yndruk, fertelt presintator Raynaud Ritsma: “Wat ik hiel lestich fûn om te sjen is dat dizze bern wol hiel graach foarút wolle, mar om’t sy sa faak te hearren krigen hawwe dat sy neat kinne, hawwe sy it gefoel dat dat ek echt sa is. Der wurdt in stimpel op dy bern drukt, mar dat is net terjochte. Nim de muoite om te sjen nei ‘Ik bin PRO’, want ik bin der fan oertsjûge datst op in hiel moaie en oare wize nei it praktykûnderwiis sjen silst.”

Yn Ik bin PRO wurdt it ferhaal sketst fan it stigma dêr’t de bern lêst fan hawwe. In ferhaal dat ek as spegel tsjinnet foar ús ûnderwiissysteem en de prestaasjemaatskippij dêr’t wy yn libje. PRO Dokkum, De Diken yn Snits en Sevenwolden Compagnie op it Hearrenfean steane sintraal yn dit nije programma fan Omrop Fryslân. Direkteur Peter de Jong fan de Compagnie: “De kijker krijgt een uniek beeld van de ontwikkeling, worstelingen en successen van de leerlingen. ‘Ik bin PRO’ is een programma om trots op te zijn.”

De freugde en it fertriet fan it PRO sjochst fan 22 jannewaris ôf alle woansdeis om 17.30 oere by Omrop Fryslân yn Ik bin PRO.

novimber 29, 2019 08:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.