Nyk de Vries is nije Dichter fan Fryslân

novimber 21, 2019 17:23

Nyk de Vries is tongersdei op it Explore the North-festival yn Ljouwert troch deputearre Poepjes beneamd ta nije Dichter fan Fryslân. De beneaming is foar twa jier. Nyk de Vries folget Eeltsje Hettinga op, dy’t ôfskied nimt fan syn funksje as earste Dichter fan Fryslân.

Nyk de Vries (foto: Reyer Boxem)

As Dichter fan Fryslân treedt Nyk de Vries yn de kommende twa jier op as poëtysk ambassadeur. Hy skriuwt seis oant tsien gedichten jiers, ynspirearre troch opfallende en aktuele saken yn de provinsje. In advyskommisje, besteande út Michelle Samba, Job Degenaar en Eeltsje Hettinga, hat de nije Dichter fan Fryslân foardroegen oan Deputearre Steaten.

Nyk de Vries waard yn 1971 berne yn Noardburgum. De skriuwer/muzikant wennet en wurket yn Amsterdam. Mei syn proazagedichten stiet er geregeld op literatuer- en teäterfestivals yn binnen- en bûtenlân. De Vries skreau ek ferskate romans en poëzybondels. Ein 2011 ferskynde syn bondel De dingen gebeuren omdat ze rijmen. Yn 2013 ferskynde Glans, in proazaferhaal oer syn tiid as wurknimmer fan de Ikea yn de stêd Grins. Mei syn boek Renger út 2016, dat yn it Frysk en it Nederlânsk ferskynd is, behelle er yn 2019 in nominaasje foar de Gysbert Japicxpriis.

Boarne: Omrop Fryslân

novimber 21, 2019 17:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.