Noard-Frysk Språkebel “elektryske-autodoarp”

novimber 18, 2019 21:14

It komt net alle dagen foar dat it lytse Noard-Fryske doarp Språkebel op ’e foarside fan ’e grutte Dútske krante Die Zeit stiet. Hjoed wie dat al it gefal. Want Språkebel hat wat bysûnders: it is de gemeente mei de measte elektryske auto’s de ynwenner fan Dútslân.

Tweintich elektryske auto’s binne der yn Språkebel, sawat tsien persint fan ’e folsleine weinfoarrie fan it doarp, ynklusyf yndustry- en bûtengebiet. It doarp, dat mei syn likernôch twahûndertfyftich ynwenners noch altyd in selsstannige gemeente is, hat hast likefolle auto’s as ynwenners.

Ien fan ’e elektryske riders is boargemaster Karl-Richard Nissen. Hy fertelt dat de ynwenners fan Språkebel en it buordoarp Ståårem in pear wynmûnen kocht hawwe. Dy winne lykwols mear stroom as de ynwenners ferbrûke. Om’t it skande is as se stilsteane, hawwe se in laadstasjon meitsje litten. Men soe it in Noard-Fryske foarm fan “mienskip” neame kinne.

Net allinne yndividuele ynwenners hawwe elektryske auto’s, de gemeente hat ek in BMW i3 kocht, dy’t ynwenners foar 2,50 de oere hiere kinne.

Klik hjir om it artikel yn Die Zeit te lêzen.

novimber 18, 2019 21:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.