NNO-solist te winnen troch Fryske hafabra-ferienings

novimber 20, 2019 08:41

It Noard-Nederlânsk Orkest stelt in muzikant beskikber oan in Fryske hafabra-feriening. Foarôfgeand oan it konsert NNO goes HAFABRA op sneon 18 jannewaris yn De Harmonie yn Ljouwert wurdt úteinset mei in projekt dêr’t de hafabra-ferienings yn Fryslân yn behelle wurde. Yn it projekt wurkje it NNO, Fulkaan, Keunstwurk en OMF mei-inoar gear.

Wedstriid
De NNO-musikus spilet mei by de útfiering, is oanwêzich by in tal repetysjes én jout in wurkatelier of masterles oan de feriening. In bysûndere mooglikheid dus om de feriening nei in heger nivo te helpen. De hafabra-ferienings út Fryslân kinne in koart (projekt)plan ynleverje dêr’t se yn beskriuwe wêr’t se de NNO-solist foar ynsette wolle.

Dat moat in goed ûnderboud idee wêze fan op syn meast twa A4’kes. De basiskritearia foar it plan binne te lêzen op fulkaan.nl/nnosolist. Falbile foar it ynstjoeren is 31 desimber om 12.00 oere. De útslach fan de kompetysje wurdt op 18 jannewaris 2020 bekendmakke, foarôfgeand oan it konsert fan NNO yn stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert.

Fulkaan
Fulkaan is talintûntwikkelder foar hafabra yn Fryslân. It biedt jonge minsken it hiele jier troch ynspiraasje, kennis en plezierige moetings. By de jierlikse fiifdeiske Summer Academy dogge jonge muzikanten, sjongers, dûnsers en akteurs weardefolle les-, poadium- en libbensûnderfining op. Dêrneist organisearret Fulkaan geregeld projekten, wurkateliers en masterlessen, rjochte op talintûntwikkeling.

It projekt is in gearwurking fan it NNO, Fulkaan, Keunstwurk en OMF (Organisaasje fan Muzykferienings yn Fryslân).

novimber 20, 2019 08:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.