Nije searje: Toms Ierlân

novimber 6, 2019 09:04

Nei it súkses fan Toms Engeland (2018) is presintator en sjoernalist Tom Egbers no nei Ierlân ôfreizge. Syn oeroerpake Thomas Duffy – nei wa’t er ferneamd is – ûntflechte it lân healwei de 19e iuw fanwege de hongersneed. Hy gie nei Ingelân, it buorlân dêr’t Ierlân in pynlike relaasje mei hat.

Foto: NTR

Yn in nije seisdielige searje giet Egbers nei dat lân mei syn wrede skiednis. Hy rydt troch it prachtige, mystike lânskip oan ’e râne fan Europa, sjocht in lân dat dúdlik yn beweging is en moetet minsken om fan te hâlden. Wat fine de Ieren fan de Ingelske brútstap? Hoe stiet it mei de ea sa almachtige roomske tsjerke? Yn hoefier bepaalt it ferline it Ierske hjoed? En wat ûnthjit de takomst?

Tom Egbers giet op ûntdekkingsreis yn Ierlân, it lân fan syn foarâlden, it lân fan Thomas Duffy.

Foto: NTR

Oflevering 1 (sneon 23 novimber): Wa binne de Ieren?
Eins wit Tom Egbers hast neat oer it lân fan de pake fan syn pake. Yn ôflevering 1 komt er foar it earst yn ’e kunde mei Ierlân en syn befolking. Wat binne se eins, de Ieren? Komyk Andrew Maxwell leit oan Tom út hoe’t de Ierske identiteit him ferhâldt ta de Ingelske. Fan radiopresintatrise Ola Majekodunmi heart er oer it nije Ierlân – yn it Iersk. En yn Belfast sykje protestantske en roomske skoalbern nei harren mienskiplike identiteit no’t se de Europeeske driigje te ferliezen.

Utstjoering: fan sneon 23 novimber ôf, alle wiken om 20.20 oere, NPO 2
Foarfilmke: https://youtu.be/u2La0k_J7cE

novimber 6, 2019 09:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.