Nije podcastrige ‘Wat de boer schaft’

novimber 22, 2019 08:37 Fernijd

NTR lansearret mei NPO Radio 1 de podcastrige Wat de boer schaft. Dêryn giet Petra Possel (NTR Mangiare!) op besite by boeren en fiskers. Mei-inoar gean se it lân op, it wetter op en de stâl yn om te praten oer ús deistich iten.

Ofbylding: NTR

Hja prate oer de rispinge, de tylt, it lân, de famylje, de omjouwing en fansels aktuele kwestjes, lykas de boere-opstân, it priisbelied fan de supermerken en de stikstofkrisis. Mear as ea, blykt út de searje, is der in kleau tusken stêd en plattelân. Harkje nei de trailer.

Yn de earste ôflevering stiet bargeboer Jaap Frerichs út Ychtenbrêge sintraal.
Harkje nei ôflevering 1.

novimber 22, 2019 08:37 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.