‘New deal’ om it lânskip te rêden

novimber 18, 2019 08:28

Woansdei 27 novimber 19.30 oere is yn It Dielshûs yn Wommels de iepenbiere temajûn ‘New Deal om it lânskip te rêden’. De temajûn stiet yn it teken fan de ynrjochting fan ús Fryske lânskip en it gebrûk fan ús grûn.

Foto: FNP

Sprekkers binne Ryksboumaster Floris van Alkemade en agrofisjonêr Theo Mulder.

Van Alkemade jout mei syn ‘Panorama Nederlân’ in romtlike ferbylding fan hoe’t Nederlân en Fryslân de kommende desennia feroarje kinne, tsjin de eftergrûn fan klimaatferoarings, herfoarming fan de lânbou en de enerzjytransysje.

Mulder hâldt him al goed tweintich jier dwaande mei it ferbetterjen fan de lânbou en fitale boaiems. Syn boadskip is: ‘Buorkerijen binne de apoteken fan de takomst’.  Mulder is foarsitter fan ‘Symphony of Soils’ en sprekt oer de relaasje tusken sûne grûn, sûn iten en sûnens fan minske, plant en bist.

De temajûn is in inisjatyf fan FNP Súdwest-Fryslân. Riedslid Sicco Rypma: ”Wy koesterje ús Fryske lânskip. Mei dizze temajûn wolle we ynwenners, ynstânsjes, boeren en oare ûndernimmers mei-inoar ferbine. Eltsenien is wolkom”.

Temajûn ‘New deal om it lânskip te rêden’.
Woansdei 27 novimber, 19.30 oere Dielshûs Wommels.

Podcast mei foarpetear.

novimber 18, 2019 08:28
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Johannes Rozenga novimber 18, 12:07

    Nije ôfspraken? It sil wat: “Mulder hâldt him al goed tweintich jier dwaande mei it ferbetterjen fan de lânbou”. Wat hat hy ferbettere? Moat dat no barre yn Wommels, ik haw myn twivels.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.