Net langer 130: maksimumsnelheid giet omleech

novimber 3, 2019 10:06

De maksimumsnelheid op Nederlânske diken giet omleech. Dat hat it kabinet te witten dien. Wat de nije snelheden wurde sille, is net bekend. It kabinet wol der kommende wike noch in beslút oer nimme. It doel fan de maatregel is dat de stikstofútstjit yn Nederlân omleech giet, sadat der wer huzen boud wurde meie.

De fraach is wol oft de minsken yn Nederlân harren ek oan de nije maksimumsnelheid hâlde sille. Sa net, dan giet de stikstofútstjit dochs noch omheech. Gerard Tertoolen ferwachtet protesten. “met de huidige moderne auto’s zit je jezelf op te vreten als je niet harder mag. Dat gaat ontzettend veel weerstand en boosheid opleveren. Langzaam rijden als het niet niet hoeft, dat voelt als een aantasting van je vrijheid”, seit er. Hy ferwachtet dat automobilisten de nije regels manmachtich oertrêdzje sille.

Dochs is it neffens him net perfoarst nuttich om 130 te riden. Dat slagget meastal mar in pear minuten, om’t men dan wer ôfremje moat foar ferkear dat stadiger rydt. De tiidwinst is úteinlik lyts as men hurder rydt, mar men brûkt wol folle mear brânstof.

novimber 3, 2019 10:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.