Nei in nij Selskip foar Fryske Taal en Literatuer

novimber 30, 2019 19:50

Ynstjoerd

Wy kenne it noch út de skiednisboeken: it romrofte ‘Selskip foar Fryske Taal en Skriftekennisse’. Oprjuchte yn 1844 troch Tiede Dykstra, Harmen Sytstra, Jacobus van Loon en in hantsjefol oare entûsjastelingen foar Fryske taal en kultuer. Al gau koartwei it ‘Frysk Selskip’ neamd, letter ek wol it ‘Ald Selskip’. It hat fan ûntwittend grut belang west foar it behâld en de fersprieding fan it Frysk en Fryske literatuer, foaral yn de njoggentjinde ieu. En – hoe is ‘t mooglik – it bestiet noch hieltyd!

Foto makke ta gelegenheid fan de ûntbleating fan it stânbyld yn it Grouster plantsoen fan Eeltsje Hiddes Halbertsma, 28 maaie 1904. (Fan Tresoar. Fotograaf: Slaterus, I.H. / Ljouwert, fûn op de Wikipedy)

Nei de Twadde Wrâldoarloch hat it Selskip him stadichwei deljûn by en yn de feroarjende wrâld. It is no inkeld noch in bestjoer dat kontakt hâldt mei in pear Fryske kriten en dat stipe jout by Fryske foarlêsaktiviteiten foar bern. Wylst syn grutboargerlike tsjinhinger, it Hollânsktalige Friesch Genootschap (1827), earne ûnderweis it predikaat ‘Koninklijk’ krigen hat, en mei syn rike besittingen ûnder mear fia it publisearjen fan tydskriften in rol fan betsjutting spylje kin yn it befoarderjen fan ûndersyk nei foaral de Fryske skiednis, is it Frysk Selskip sa njonkelytsen dochs in bytsje ûnsichtber wurden.

Soe dat net oars kinne? Is der yn it fjild fan Fryske organisaasjes romte en plak foar in nij, in fernijd Frysk Selskip, dat in eigen rol en funksje hat yn it fermidden fan de ûnderskate spilers dy’t har al dwaande hâlde mei Fryske taal en kultuer? Mei oare wurden: kin sa’n feriening of stifting yn in ferlet foarsjen, en is it de muoite wurdich om de dream dy’t trije lju 175 jier lyn hienen – jawis, 2019 is in jubileumjier! – in nije jas oan te mjitten?

Is der ferlet fan in Selskip foar Fryske Taal en Literatuer?

It taaladvysorgaan Dingtiid hie it okkerdeis oer fersplintering fan Fryske organisaasjes. Yn it Frysk ûnderwiis heart men wolris praat oer it grutte belang fan ynformele kontakten by it ûntwikkeljen en fan ’e grûn krijen fan nije ideeën. Dat rint net altyd like noflik. De provinsje kommunisearret foaral mei útfieringsorganisaasjes. Dy organisaasjes sjugge op it foarste plak en foaral nei har eigen direkte belang. Gemeenten skriuwe notysjes. De keunstwrâld sit meast om ‘e tafel mei subsydzjejouwers. De Ried fan de Fryske Beweging sit op it politike finketou. De Jongfryske Mienskip hat syn eigen symbolyk. It Skriuwersboun wurket mei konkrete inisjativen om de posysje fan Fryske auteurs te ferbetterjen. De kulturele fûnsen wachtsje ôf wa’t der no wer oan de doar skillet.

Al dy bubbles hawwe belangrike, nuttige, ûnmisbere funksjes. Mar se behinderje miskien ek it ûntstean fan fiersichten. En bubbles – dat haw ik lêzen by Explore the North – binne der ek om sa út en troch trochpript te wurden. Sadat men inoar moetsje kin, fan leafhawwwer ta leafhawwer, frijút prate, in dûnske weagje. Inoar meilûke byneed, fûnkjes ferspriede, fjurkestoke, inoar nije moed ynsprekke as it moat. Skriuwers en lêzers, dosinten en studinten, amtners en ûndernimmers, hurde wurkers en flierefluiters, politisy en boargers. Se nimme der ien op en feroarje tagelyk de wrâld.

In Fryske sosjéteit. In nij Selskip foar Fryske Taal en Literatuer. En fansels ek foar kultuer yn bredere sin. Kinne de earste stappen dêrhinne net set wurde yn dit jier, yn dit, jawis, jubileumjier?

Abe de Vries

Ek publisearre op https://seedyksterfeartfisk.blogspot.com/2019/11/nei-in-nij-selskip-foar-fryske-taal-en.html
novimber 30, 2019 19:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.