Natuermuseum Fryslân bêste Kidsproof Museum 2020 yn Fryslân
Resint ferskynd
Freed 8 novimber waarden yn it Archeon yn Alphen aan den Rijn de prizen útrikt oan de Bernefreonlikste Musea yn de provinsjes en foar hiel Nederlân. It Natuermuseum Fryslân waard dêrby útroppen ta bêste Kidsproof Museum fan Fryslân. It is it sechde jier op rige dat it Natuermuseum de ûnderskieding wint.
Alle jierren stimulearret de Museumferiening bern om musea te besytsjen én dy te beoardieljen. Bern meie as echte Museumynspekteurs harren miening jaan oer ferskate saken, lykas de kwaliteit fan de útstallings, oft se nije dingen leard ha en wat se feroarje soene as se sels ien dei museumdirekteur wiene.
Om in bernefreonlik museum te wurden binne der op syn minst fjirtich ynspeksjes nedich mei in einbeoardieling fan in 7,5 of heger. Takom jier kinne jonge Museumynspekteurs ek wer op ’n paad om musea te ynspektearjen. Mear ynformaasje is te finen op www.museumkids.nl.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje