NASA hâldt parsekonferinsje oer levering oan de moanne

novimber 17, 2019 08:58 Fernijd

NASA hâldt moandei 18 novimber om 16.30 oere (EST) / 22.30 oere (ús tiid) in parsekonferinsje om ekstra Amerikaanske bedriuwen oan te kundigjen dy’t meidogge oan de oanbesteging fan besoarchtsjinsten oan de moanne. De telekonferinsje is streekrjocht te folgjen fia de webside fan NASA.

Foto: NASA

Yn july joech NASA Amerikaanske bedriuwen de mooglikheid om in CLPS-kontrakt ôf te sluten om gruttere, swierdere frachten nei it moanne-oerflak te bringen. De nij selektearre bedriuwen en de oarspronklike njoggen dy’t yn novimber 2018 selektearre binne, komme allegear yn ’e beneaming foar de oanbesteging fan takomstige moannebesoarchtsjinsten.

De ûndersiken dy’t mei CLPS-flechten útfierd wurde, sille NASA helpe om mear te witten te kommen oer it moanne-oerflak. NASA riedt him ta om de earste frou en de folgjende man tsjin 2024 nei it moanne-oerflak te stjoeren fia it Artemis-programma fan it agintskip, dat eventueel ek minsklike misjes nei Mars útfiere wol.

Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan NASA.

novimber 17, 2019 08:58 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.