Nacht fan de Popmuzyk 2019

novimber 8, 2019 09:14

Mei û.o. KISS, Sinéad O’Connor, Talk Talk, Bonnie Raitt & Bruce Hornsby en Gil Scott-Heron

Yn de Nacht fan de Popmuzyk 2019 bringt de NTR, foar alwer de fjirtjinde kear, goed trije oeren lang live bysûnder en faak noch nea sjen litten argyfmateriaal foar popleafhawwers. Te sjen binne unike live registraasjes, ynlaat en fan anekdoates foarsjoen troch Matthijs van Nieuwkerk, Leo Blokhuis en sammelder Fenno Werkman.  

Foto: pixabay.com

Yn dizze edysje ûnder mear oandacht foar de band KISS, dy’t dwaande is mei syn ôfskiedstoernee, en Sinéad O’Connor allinne mei har akoestyske gitaar. Der wurdt ek stilstien by de dit jier ferstoarne Talk Talk frontman Mark Hollis. Fierder is der oandacht foar de unike gearwurking tusken Bonnie Raitt en Bruce Hornsby en as lêste de dichter/muzikant/skriuwer Gil Scott-Heron.

Live meiprate
Dit jier kin de sjogger ek wer meidwaan fia in twadde skerm. Fia live.ntr.nl kin de sjogger in nûmer oanfreegje, reagearje op de útstjoering, eftergrûnynformaasje fine en ekstra fideomateriaal besjen.

Foto: pixabay.com

Fersyknûmers
Yn it programma is fansels folop oandacht foar de muzyksmaak fan de sjoggers. Fan no ôf kin eltsenien fia www.nachtvandepopmuziek.nl syn favorite nûmer oanfreegje út in list fan 36.000 live opnames,út it argyf fan VJ en sammelder Fenno Werkman.

Oanfragen mei it moaiste ferhaal by it ferske komme yn de útstjoering.

Utstjoering: sneon 16 novimber, 23.10 oere op NPO 3
Webside: www.nachtvandepopmuziek.nl

novimber 8, 2019 09:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.