Mooglik nije hoop foar MS-pasjinten

novimber 18, 2019 20:56

Der is goeie hoop dat der oer in jier of acht in medisyn is foar de sykte MS (multiple sclerose). Dat seit ûndersiker Geert Poelmans fan ‘e Radbouduniversiteit yn Nimwegen. Mei syn kollega’s hat er in wichtige ûntdekking dien oer de oarsaak fan ‘e sykte.

Pasjinten mei MS reitsje hieltyd mear spierfunksjes kwyt. De sykte ferrint by alle pasjinten oars, mar in protte fan harren bedarje op in stuit yn in rôlstoel en ferstjerre faak ek oan de sykte. De oarsaak wie oant no ta ûnbekend.

De ûndersikers út Nimwegen hawwe no ûntdutsen  dat der yn famyljes fan MS-pasjinten in beskaat gen foarkomt dat de saneamde myelinehúl makket. Dat is in beskermlaach om senuwen hinne. Trochdat de senuwen ûnbekerme binne, reitsje se skansearre en dogge har ûntstekkings en útfalferskynsels foar.

“Het is de eerste keer dat we binnen één familie verschillende mensen met MS hebben gevonden die allemaal een fout hebben in dat gen”, seit Poelmans. “We hebben een hele gerichte stap gezet waarmee we uiteindelijk kunnen zoeken naar de behandeling van MS, waarmee eigenlijk de beschermlaag kan worden behouden en eventueel kan worden hersteld als er al schade is geleden.”

Neffens de ûndersiker duorret it ferfolchûndersyk noch likernôch twa jier en is der dan in jier of seis nedich om in medisyn te ûntwikkeljen. Hy wiist derop dat it jild dêrfoar noch wol fûn wurde moat.

novimber 18, 2019 20:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.