Moandei 2 desimber wer lanlik NL-Alert kontrôleberjocht

novimber 26, 2019 10:33

De oerheid stjoert op moandei 2 desimber om 12.00 oere  in NL-Alert kontrôleberjocht út yn hiel Nederlân. It berjocht ûntfangt men op de mobile telefoan. NL-Alert is ek op hieltyd mear digitale reklameskermen en digitale buorden by bushaltes te sjen. Wêr’t men NL-Alert ek sjocht, yn it NL-Alert stiet altyd wat der te rêden is, wat men dwaan moat en wêr’t men mear ynformaasje fine kin.

Ofbylding: NL-Alert

Wat moat men dwaan by in NL-Alert?
By in ramp yn jins omjouwing, wol men fansels witte wat der oan ’e hân is en wat men dwaan moat. NL-Alert wurdt ynset by libbens- en sûnensbedriigjende situaasjes. Foarbylden binne in grutte brân, in terroristyske oanslach en ekstreem needwaar. Kriget of sjocht men in NL-Alert, ynformearje en help dan ek de minsken om jin hinne. Sa witte sy ek wat se dwaan moatte.

Dit moat by in NL-Alert dien wurde:

  1. Fuortdaliks it berjocht lêze.
  2. De ynstruksjes opfolgje.
  3. De minsken om jin hinne ynformearje en helpe.

NL-Alert ynstelle
Op de measte telefoans is NL-Alert automatysk ynsteld. Sagau’t men in NL-Alert ûntfangt, lit de telefoan in hurd en trochkringend alaarmlûd hearre. Mei it lanlike NL-Alert kontrôleberjocht dat de oerheid op 2 desimber útstjoert, kin men tsjekke oft jins mobyl goed ynsteld is. As it kontrôleberjocht net ûntfongen wurdt, gean dan nei dizze webside en om de mobyl yn te stellen.

Sjoch foar mear ynformaasje op www.nl-alert.nl.

novimber 26, 2019 10:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.