Minderheidstalen yn Grins by de bêste stúdzjes fan Nederlân

novimber 27, 2019 00:36

De RUG yn Grins (foto: Wikimedia Commons/Fruggo – lisinsje CC BY 1.0)

Echt Frysk studearje kin oan de universiteit yn Grins net mear, mar yn de stúdzje minderheden en meartaligens sit noch altiten gâns Frysk. De stúdzje is dan ek de opfolger fan de âlde stúdzje Frysk, dy’t him yn 2013 ferbreedzje moast om bestean bliuwe te kinnen. De studinten binne poertefreden: neffens de Keuzegids universiteiten 2020 stiet er fan alle stúdzjes oan Nederlânske universiteiten op it sechde plak wat de tefredenens fan studinten oanbelanget.

It is net foar it earst dat studinten minderheden en meartaligens har sa loovjend oer de eigen stúdzje útlitte. It Nijs berjochte yn 2016 hoe’t minderheden en meartaligens troch studinten keazen wie as de bêste talestúdzje fan Nederlân. De dosinten krigen doe as “rapportsifer” fan de studinten in 9,7.

De alderbêste universitêre stúdzje fan Nederlân is neffens de studinten plantkunde oan de universiteit fan Weinum. Technyske natuerkunde yn Twinte stiet op it twadde plak.

novimber 27, 2019 00:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.