Minder jarre, mear boeren, mear fûgels!

novimber 12, 2019 13:14

Theunis Piersma (foto Petra de Goeij)

Nea earder wie de teloargong fan it Fryske lânskip sa yn it nijs as de ôfrûne jierren. Wat binne de problemen, wat binne de dilemma’s en wat soe der barre moatte om temjitte te kommen oan boeren, bisten, blommen en boargers. Theunis Piersma en Pieter van der Valk Fedde yn de Schurerlêzing 2019.  

Jehannes Elzinga

It hie Fedde Schurer grif goed dien as er witten hie dat der nochris safolle flecht op ’e koai wêze soe op in troch him ynspirearre lêzing: de opkomst wie mei mar leafst sa’n 250 oanwêzigen grutter as ea! Sels sa dat it HCL te lyts wie, sadat it barren ferpleatst waard nei it Oranjehotel. De hege opkomst hat grif te krijen hân mei it aktuele tema: de drege relaasje tusken it Fryske lânskip en de lânbou. Kinst ommers gjin krante iepenslaan of aktualiteitenprogram sjen op televyzje en it giet oer dat ûnderwerp. Twa sprekkers joegen harren fyzje: Theunis Piersma, wenjend yn Gaast en heechlearaar trekfûgelekology oan de universiteit Grins en Pieter van der Valk, feehâlder yn Ferwâlde. Wa’t in fûl debat ferwachte, hie it mis, beide sprekkers wiene it oer it generaal iens dat der wat feroarje moat yn de moderne lânbou om de natuer net noch slimmer te skeinen.

Oranjehotel, ôfladen fol (foto Aant Mulder))

Tsjintwurdich is it grutte probleem dat de lânbou stjoerd wurdt troch de yndustry. Multinationals en grutte banken twinge de boeren om hieltyd mear te produsearjen en dat giet te’n koste fan it lânskip en de natuer. As gefolch fan it oermjittich gebrûk fan agrogemikaliën is de biomassa oan ynsekten de lêste jierren mei wol 75% weromrûn en dêr lije de greidefûgels slim ûnder. Skriezepiken moatte it dêrfan hawwe om te oerlibjen. Troch te min ynsekten binne se gemiddeld folle lichter as earder en ha se minder kâns om te oerlibjen. Boppedat kinne se har minder ferskûlje yn de gazoneftige greiden, sadat predatoaren as mûzebiters se makliker pakke kinne.

Lit de ljurk it lêste wurd hawwe!

Neffens Piersma moatte we ta op in troch it ekosysteem dreaune, ynstee fan in gemysk dreaune lânbou dy’t de natuer der om samar te sizzen útslacht. Piersma tinkt dat der in relaasje is tusken sûnens en de kwaliteit fan de grûn: lânbouprodukten fan in ekologysk sûne grûn binne better foar ús sûnens en foar dy fan de planeet. Piersma fernuveret him deroer, wêrom’t de oergong fan yntinsive (“plankgas boeren”) nei biologyske lânbou net hurder giet. Boeren sitte yn in spagaat tusken de supermerken dy’t sa goedkeap mooglik ynkeapje wolle en leveransiers dy’t de grûnstoffen fan de multinationals slite wolle. Hoe moat it fierder mei de lânbou?

Boeren moatte wol in takomst hawwe. Wy moatte it bioferskaat net deameitsje, mar foar ús wurkje litte. Dat betsjut dat de konsumint ree wêze moat om mear foar syn iten te beteljen. De tuskenhannel moat sa folle mooglik útskeakele wurde, produkten moatte folle mear streekrjocht fan de boer nei de konsumint. Dat kin allegearre net yn ien dei; wy kinne net fan de flier op de souder stappe. Mar lit de ljurk it lêste wurd hawwe!

Pieter van der Valk (foto Aant Mulder)

Pieter van de Valk is in jonge feehâlder (mei 125 kij) en hat in bedriuwsekonomyske eftergrûn. Hy buorket net biologysk, mar hat wol each foar de natuer. Omdat er gjin ferlet hat fan mear grûn, hat er 10% fan syn grûn ornearre foar de greidefûgels.

It stribjen nei safolle mooglik produksje is begûn mei Mansholt, dy’t goedkeap iten woe foar eltsenien. Neffens Van der Valk wol 80% fan de boeren wol ferduorsumje, mar it wurdt hiel dreech makke troch gebrek oan perspektyf. Banken as de RABO wolle in sa heech mooglik rendemint op ynvestearringen en de grutte suvelmonopoaljes as Friesland Campina wolle in sa heech mooglike opbringst. Alles is no rjochte op optimalisaasje fan de produksje om der safolle mooglik molke út te parsjen. Friesland Campina stimulearret de oergong op biologysk net, want as alle boeren dat dogge, sakje de prizen yn. It sil in niche merk bliuwe.
Der moat wol jild ynkomme. Van der Valk sjocht de takomst yn nije fertsjinmodellen foar de boer: greidefûgelbehear, rekreaasje, wetterberging, fêstlizzen fan CO2 yn de boaiem, ensfh. De maatskippij moat dan wol ree wêze om dêrfoar te beteljen! Op himsels hat de lânbou in enoarme potinsje. It wachtsjen is op in nije Mansholt mei each foar de natuer!

novimber 12, 2019 13:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.