Meartalichheidsprojekt NHL Stenden kriget twa Europeeske prizen

novimber 2, 2019 11:42

Meiwurkers fan hegeskoalle NHL Stenden mei harren priis

Hegeskoalle NHL Stenden yn Ljouwert hat twa Europeeske jildprizen krije foar it 3M-projekt. Dêrby helpt de hegeskoalle leararen fan basisskoallen om harren lessen minder ientalich-Nederlânsk te meitsjen. Benammen it Frysk kriget sa in gruttere rol, mar ek it Ingelsk en de talen fan bûtenlânske bern krije in plakje yn de les. Underwizers wurde sa minder benaud foar meartaligens.

De projektlieders Joana Duarte en Mirjam Günther krigen juster yn Utert op in kongres fan taaldosinten de publykspriis foar fernijend taalûnderwiis. Boppedat krigen se fan de faksjuery de twadde priis. Beide wurde takend ûnder de namme Europeesk talelabel. De prizen wurde beskikber steld troch de Europeeske Kommisje. De twa prizen hawwe tegearre in wearde fan 3250 euro.

novimber 2, 2019 11:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.