Mear jild en fernijingsplicht foar Fryske Akademy

novimber 8, 2019 09:28

Mear jild foar de Fryske Akademy. Mar ek ekstra ferplichtings. Sa wol it kolleezje fan Deputearre Steaten de Akademy helpe om harsels fuort te sterkjen en in nije wei op te gean.

Fryske Akademy. Foto © Aant Mulder

De Fryske Akademy (FA) sit yn swier waar. Op koarte termyn binne flinke yngrepen nedich. Finansjeel, kwalitatyf en organisatoarysk. De struktuer fan de governance is ek net goed. Twa ûndersiken (Gateway, Taskforce) dy’t yn opdracht fan it provinsjebestjoer útfierd binne, hawwe dat útwiisd.

De provinsje fynt de Akademy fan grut belang as wittenskiplik ûndersyksynstitút foar de Fryske taal en kultuer. It kolleezje fan DS stelt in pakket maatregels út om in better perspektyf te kreëarjen. Provinsjale Steaten sille dêr letter fan ’t jier in beslút oer nimme.

Maatregels
De maatregels binne in optelsom fan ekstra finansjele stipe, feroarings yn de organisaasje, stappen dy’t de FA sette moat en de ferhâlding fan de Akademy ta de KNAW (Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen).

DS lûke 1 miljoen euro ekstra foar de FA út. It giet om 200.000 euro yn ’t jier yn de perioade 2020-2024. Dat komt by de 1,2 miljoen euro dy’t de provinsje alle jierren al jout. Mei de ferheging rint de provinsje aanst lykop mei de jildstream fan it Ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip foar de Akademy.

Reorganisaasje
Dêrneist komt 350.000 euro beskikber foar in needsaaklike reorganisaasje. De provinsje wol him boppedat ynspanne en besjoch oft personiel by de provinsje of oare organisaasjes oan ’e slach kin.

“We willen plussen, maar stellen ook eisen’’, seit deputearre Avine Fokkens-Kelder. De FA moat gau in direkteur-bestjoerder oanstelle. De Ried fan Tafersjoch moat útwreide wurde. De Akademy moat oan ‘e slach mei de oanrekommandaasjes út it Taskforce-ûndersyk. Der komt ek in ferplichting om mei oare ûndersyksynstellings yn Fryslân gear te wurkjen.

novimber 8, 2019 09:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.