Magnetisearjend wurk fan Jólan van der Wiel yn Keramykmuseum Princessehof

novimber 6, 2019 09:12 Fernijd

Fan 23 novimber 2019 o/m 25 oktober 2020 presintearret Keramykmuseum Princessehof Design #5: Jólan van der Wiel – Dragonstone. Op de útstalling is ûnder oare in yntrigearjende ynstallaasje te sjen dêr’t design, keramyk en magnetysk poeier yn gearkomme. Op in unike manier jout Van der Wiel troch it brûken fan it magnetysk fjild foarm oan syn wurk, dat der bûtenierdsk útsjocht.

Wurk fan Jólan van der Wiel (foto: Princessehof)

De besiker komt yn ’e kunde mei in hiel nij ambacht: magnetysk keramyk. Yn syn wurk brûkt Van der Wiel it magnetysk fjild as ark om syn materiaal te stjoeren en te manipulearjen. It wurk dat er foar de útstalling yn it Princessehof makket wurdt foarme troch de krêftfjilden fan magneten.

Dragonstone
Al yn 2011 begûn Van der Wiel te eksperimentearjen mei magnetysk keramyk, dat hy ‘dragonstone’ neamt. Om de objekten nei syn hân te setten mikst de keunstner floeiber materiaal mei metaalpoeier. De izerdieltsjes ferstiivje op it stuit dat Van der Wiel magneten opstelt yn de buert fan it materiaal. Yn it Europees Keramisch Werkcentrum en doe’t er yn Sina wie, krige de keunstner folop de kâns om de grinzen fan syn magnetisme op te sykjen en de swiertekrêft te fergjen.

The High Frontier
In seis meter lang wurk dat op de útstalling te sjen is, is ynspirearre troch it yn 1976 ferskynde boek The High Frontier: Human Colonies in Space. Yn dat boek ferkent de Amerikaanske natuerkundige en romte-aktivist Gerard K. O’Neill it idee fan wenmienskippen yn de romte. Van der Wiel ûndersiket mei syn wurk hoe’t je foar swiertekrêft soargje kinne yn in romtekoloanje. It wurdt oan de taskôger oerlitten om de folgjende stap te setten en fierder te fantasearjen oer it libben op ‘The High Frontier’.

Jólan van der Wiel
Fanút syn fassinaasje foar ekstreme natuerferskynsels en de ynfloed fan natuerlike krêften op materiaal, eksperimentearret Jólan van der Wiel (1984) mei matearje, omjouwing en techniken. Dêrby siket de ûntwerper nei de natuerlike logika fan design. Van der Wiel studearre yn 2011 ôf oan it designLAB department fan de Gerrit Rietveld Academie en rjochte yn itselde jier syn eigen multydisiplinêre studio yn Amsterdam op, hjoed-de-dei yn Zutphen fêstige. Syn wurk is wrâldwiid útstald, ûnder oare yn it Metropolitan Museum en it Cooper Hewitt Smithsonian Design Museum yn New York, it Scheepvaartmuseum yn Amsterdam, it Grand-Hornu Museum (België), it Design Museum Gent, it London Design Museum, it Bauhaus-Archiv Museum (Berlijn) en it Montreal Museum of Fine Arts. It ynnovative wurk fan Van der Wiel waard earder bekroand mei de Design of the Year Award (Londen), de Interior Innovation Award (Keulen), de DMY Award (Berlijn) en de BIO 23 Award op de 23st Biennial of Design yn Ljubljana.

novimber 6, 2019 09:12 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.