Lêzing fyftjin jier Museum Belvédère

novimber 11, 2019 09:30

Museum Belvédère bestiet fyftjin jier. Yn dy perioade hat it museum in fêst plak ferwurven yn it kulturele lânskip en is it in libben moetingsplak foar leafhawwers fan keunst, kultuer, natuer en arsjitektuer. De ymposante kolleksje wurdt op it stuit fierd yn de eksposysje Fan Thom oant no, dy’t in byld jout fan fyftjin jier sammeljen. Yn de beide museumfleugels is oant en mei 15 desimber in romme kar út de fêste kolleksje te sjen.

Foto: Museum Belvédère

Direkteur-konservator Han Steenbruggen fan Museum Belvédère sil yn in ynformative lêzing fertelle oer de bysûndere skiednis fan it museum. Hy sil ek de kolleksje taljochtsje en inkelde topstikken apart besprekke. Nei ôfrin is der de mooglikheid om it museum te besytsjen en om fragen te stellen.

Tiid: 19.00 oere ynrin, lêzing 19.30 – 20.30 oere
Tagongspriis: € 27,50
Freonen fan it museum: € 13,50
Museumkaarthâlders: € 16,-

Kofje/tee by ynrin en in hapke en drankje nei ôfrin binne ynbegrepen. Betelje oan de kassa op de jûn sels. Graach oanmelde by Museum Belvédère, 0513-644999 of fia de mail nei info@museumbelvedere.nl, ûnder fermelding fan namme, adres, postkoade, plak en telefoannûmer. Fol is fol.

novimber 11, 2019 09:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.