Komt der woansdei no in grutte ûnderwiisstaking of net?

novimber 2, 2019 11:18

foto: Omrop Fryslân

Leararen yn it basis- en fuortset ûnderwiis binne fan betinken dat de oerheid it ûnderwiis bongelje litten hat. Hja easkje folle mear ynvestearrings om de wurkdruk te ferminderjen.

Kommende woansdei, 6 novimber, soene ûnderwiisminsken manmachtich it wurk dellizze. De grutte fakbûnen, wêrûnder it grutste ûnderwiisfakbûn AOb, giene juster lykwols akkoart mei in útstel fan ûnderwiisminister Arie Slob om dit jier noch 397 euro ekstra yn it ûnderwiis te ynvestearjen. Takom jier en it jier dêrop soe der sa’n fyftich miljoen euro ekstra ynvestearre wurde. It AOb waard doe teriede en lit de staking ferfalle.

Net alle ûnderwiisfakbûnen binne it dêr lykwols mei iens. It fakbûn Leraren in actie, dat mei 1280 leden frij lyts is, hat syn leden oproppen om dochs te boljeien. Neffens wurdfierder Peter Althuizen is it jild dat it Ryk yn it ûnderwiis ynvestearje wol, fierste min om de grutte problemen op te lossen. De learaarskrapte, de te grutte klassen en de navenant lege ûnderwiissalarissen bliuwe neffens him bestean. “We wisten niet wat ons overkwam”, seit er op Radio 1. “Ik heb echt duizenden berichten gehad op Twitter en op Facebook. Wij vrezen dat grote onderwijsbonden op deze manier nooit meer leraren bereid krijgen om het werk neer te leggen voor de goede zaak.”

De staking fan woansdei sil sa grut net útpakke as earst ferwachte waard, mar der sille wis oeral yn Nederlân leararen wêze dy’t freed net op it wurk ferskine út protest tsjin it notiidske ûnderwiisbelied.

novimber 2, 2019 11:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.