Komme de boeren mei in medisyn tsjin de lânskipspine?

novimber 7, 2019 07:15

Pieter van der Valk (foto: Aant Mulder)

Greidboer Pieter van der Valk kin it mei biolooch Theunis Piersma lykfine dat der skielk oars buorke wurde moatte sil. Want meidat it grutste part fan de grûn yn besit is fan de boeren, kinne dy ferantwurdlik holden wurde foar de oantaasting fan it lânskip. Sneontemiddei reagearret Van der Valk op de Fedde Schurer lêzing fan Piersma. In fraachpetear mei him is no al te lêzen yn De Nije.

Ut dat petear (op side 26): “It moat oars, mar dat kin net betsjutte dat de boeren aanst op in houtsje bite. Ik krij allinne jild foar myn produsearre iten en nearne oars foar. Men soe ris neitinke moatte oer de funksje fan de boer. Minsken rekkenje my ôf op it oerlibjen fan greidefûgels en op it ynstânhâlden fan de natuer. As wy sokke wearden wichtich fine, en dat binne se, dan kin it net oars as der sil foar betelle wurde moatte. Miskien in natuertaks. Der moat in balâns komme tusken de botsende belangen: konsuminten dy’t sa goedkeap mooglik ite wolle, de boeren dy’t oerlibje moatte en de natuer.”  

Tema fan de nijste jefte fan it Frysktalige tydstkrift De Nije, dy’t no yn tydskriftekiosken, boekhannels en de supermerken fan Poiesz leit, is it spanningsfjild tusken lânskip en ekonomy. It blêd kostet los € 4,95 (yn de winkel); de priis foar in abonnemint (fjouwer jeften yn it jier) is € 17,50. Reaksjes en/of oanmeldings foar abonneminten kinne nei: redaksje.denije@gmail.com.

novimber 7, 2019 07:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.