Klaas Fokkinga opfolger fan Jehannes Kramer as deputearre

novimber 30, 2019 12:18

Klaas Fokkinga (foto: Jan Durk de Haan, Omrop Fryslân)

De 66-jierrige Klaas Fokkinga fan Nes (NEF) wurdt de opfolger fan Johannes Kramer as nije deputearre fan de FNP. Dat hat de FNP freed bekendmakke op in parsekonferinsje yn hotel-restaurant Duhoux yn Wurdum. Dêr waard ek de algemiene ledegearkomste hâlden. Fokkinga is de twadde deputearre fan de FNP. Johannes Kramer wie deputearre sûnt 2011, mar hy wurdt boargemaster fan Noardeast-Fryslân.

Fokkinga hat yn de perioade 2015-2019 Steatelid west foar de FNP en hy wie fan 2010 oant 2015 riedslid foar de partij yn de gemeente Dongeradiel. Fokkinga is foardroegen troch in advyskommisje ûnder lieding fan Earste Keamerlid Gerben Gerbrandy. De leden hawwe freedtejûn ynstimd mei de kandidatuer fan Fokkinga. De beneaming fan Fokkinga as deputearre wurdt definityf as Provinsjale Steaten der op 22 jannewaris akkoart mei gean.

Gerbrandy: “Mei syn politike ûnderfining en dossierkennis is Fokkinga de geskikte man om dit wurk ôf te meitsjen. Us jongerein kin yntusken waarmrinne.”

It wiene de leden dy’t de advyskommisje op it spoar setten fan Fokkinga. Hy seit dêr sels oer: “Ik moat sizze, ik wie absolút ferrast, mar ik fyn it in geweldige útdaging. Ik haw der in hiel soad nocht oan.”

De partij socht in kandidaat dy’t de portefúljes fan Kramer ien op ien oernimme kin. “Wy wolle it goede wurk fan Kramer ôfmeitsje, ús ferantwurdlikens nimme,” seit fraksjefoarsitter Corlienke de Jong. Dat giet ûnder mear oer lânbou, leefberens, wenjen, plattelânsbelied, erfgoed, breedbân-ynternet en Holwert oan See. “It binne taken mei in dúdlike FNP-sinjatuer dêr’t wy foar stride en striden hawwe,” fynt De Jong.

Fokkinga hie al plattelânsbelied, wenjen en Holwert oan See yn syn portefúlje, dêrom soe er geskikt wêze. Op dit stuit is Fokkinga noch aktyf yn de FNP-Steateseksje Lân, Loft en Wetter.

As opfolger fan Kramer nimt Fokkinga ek it drege stikstofdossier oer. Dy moast op 11 oktober oan lilke boeren tasizze dat de Provinsje de hantekening ûnder de strange stikstofmaatregels weromlûke soe. Fokkinga seit dat hy him sokke drege saken gau eigen meitsje kin, ek al hat er gjin ûnderfining mei dizze problematyk. “De provinsje hat ek tige betûfte amtners dy’t my advys jaan kinne en Johannes Kramer soarget foar in goede oerdracht.”

Fokkinga is 66 jier. Ambysje op de FNP te lieden by de folgjende ferkiezingen hat er net. “Tsjin dy tiid bin ik hast 70 jier, dat is oan de nije generaasje.” En as de leden no in berop op him dogge? “Dan is der in nije situaasje.”

Fokkinga wie ek direkteur fan basisskoallen en skoallekoepels. Sûnt 2011 hat Fokkinga in eigen ûnderwiisadvysburo, dêrmei is hy dwaande mei ynternasjonalisearring yn it ûnderwiis, ûnderwiisprojekten en mei it learen fan frjemde talen. “As deputearre sil ik dit moaie wurk oerdrage moatte oan oaren,” jout Fokkinga oan. “Mar dat haw ik graach oer foar it wurkjen foar de Fryske mienskip.”

Boarne: Omrop Fryslân

novimber 30, 2019 12:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.