Katalaanske presidint tsjin rjochter: ik wurkje net mei oan sensuer

novimber 18, 2019 21:34

Joaquim Torra i Pia.
Foto: Wikipedia / Josep Renalias (CC).

Yn Madrid stie hjoed de Katalaanske presidint Joaquim Torra foar de rjochter. Hy wurdt derfan beskuldige dat er offisjele ynstruksjes net útfierd hat. Torra krige yn maaie by de ferkiezings foar it Europeesk parlemint de opdracht om pro-Katalaanske symboalen lykas in giel lint út stimburo’s ferwiderje te litten. Dat hat er net dien.

As Torra feroardiele wurdt, moat er syn presidintskip deroan jaan. Der komme dan miskien nije ferkiezings. Hy kin ek in boete fan tritichtûzen euro krije. Torra hat hjoed sein dat er de ynstruksjes yndied net útfierd hat. As reden joech er dat dy neffens him yllegaal wiene. Hy sei dat de ynstruksjes, dy’t kamen fan it Spaanske oerheidsorgaan dat de ferkiezings oanstjoert, sels net polityk neutraal wiene. Neffens Torra is it syn taak om de frijheid fan mieningsutering fan ‘e Katalaanske boargers te garandearjen. As dy giele linten ophinge wolle, is it neffens Torra net goed as de oerheid dy weihellet. Hy neamde de ynstruksjes “sensuer”.

Torra syn foargonger Carles Puigdemont libbet sûnt 2017 yn ballingskip yn Brussel. Op 16 desimber moat er foar in Belgyske rjochter ferskine. Dy moat beoardielje oft Puigdemont útlevere wurdt oan Spanje, dêr’t justysje him ferfolgje wol foar reboeljemakkerij en misbrûk fan oerheidsjild.

novimber 18, 2019 21:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.