Jild foar Frysk Museum en Princessehof út Mondriaanfûns

novimber 10, 2019 09:01

Frysk Museum (foto: Ruben van Vliet)

It Mondriaanfûns hat de oanfraach fan it Frysk Museum foar in bydrage oan it kolleksjeprogramma 2020-2021 posityf beoardiele. Dat betsjut dat it museum € 124.000 ûntfangt foar oankeapen. It Frysk Museum is bliid dat it syn oankeapbelied fuortsette kin mei de oanfoljende bydrage fan it Mondriaanfûns. It stelt it museum by steat om it berik fan byldzjende keunst te fergrutsjen.

Tagelyk hat it Keramykmuseum Princessehof € 100.000 takend krigen fan it Mondriaanfûns. It Princessehof kin dêrmei wichtige oankeapen, dwaan, lykas it wurk fan de Iraanske keunstner Shahpur Pouyan. It Princessehof aktualisearret dêrmei syn sterke kolleksje keramyk út it Midden-Easten.

novimber 10, 2019 09:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.