Jan Willem Zwart: Panta rhei

novimber 16, 2019 20:00

Kollum

Foar my leit in âld boek fan Jac.P.Thijsse. It giet oer de hjerst. Lang lyn hat der ien west dy’t plaatsjes sparre hat by Verkade en dy plaatsjes ien foar ien yn dit boek plakt hat. Bjirken, kattesturten, ferskate poddestuollen en in hiel soad fûgels steane deryn. Myn each falt op it foarwurd, mei de wurden Panta rhei. Panta rhei, de âlde Griken seine dat al om dúdlik te meitsjen dat alles yn beweging is. Beweging.

Yn de natuer en wat allegear oer natuer giet tsjintwurdich, is hast alles yn beweging. Wie earst natuer wichtich foar ûntspanning en belibjen, no komt men der aloan mear efter dat natuer ús echt begjint te reitsjen. It rekket ús yn snelheid. Wy geane fan 130 nei 100 km ta en dat komt troch Natura 2000 gebieten, hellet de polityk oan. Postsegelstikjes natuer, wurdt der sein. Tritich jier hawwe oerheden en natuerorganisaasjes wurke oan it meitsjen fan ferbiningen en oanslutingen mei ferskate gebieden. De ekologyske haadstruktuer. Gebieten dy’t oanwiisd binne as natuergebiet, neffens Natura 2000, wurdt no oer diskusjearre. Binne dy gebieten wol terjochte oanwiisd?

Panta rhei, alles is yn beweging. Sels de natuer is yn beweging. Troch it behear yn de natuergebieten wreidzje seldsume soarten har mear en mear út. Miskien is dat wol it gefolch fan jierren goed natuerbelied. No stiet dy natuer ús allegearre yn ’e wei. Natuer is no allinnich mar lêstich. Liket it. In lêstige beweging.

It moaie fan de natuer is dat er himsels net oan wetten en regels hâldt. Der is eigentlik mar ien regel en dat is de regel fan it oerlibjen. Suksesje sa’t dat sa moai hjit. De natuer giet wol troch, mei of sûnder natura-2000-predikaat, allinnich wurdt er net mear beskerme en ûnderholden, sadat de wearden dy’t dy gebieten no hawwe sa net bliuwe. It sil griener en griener wurde. Miskien mei mar in pear soarten planten en bisten. Bioferskaat wurdt minder en minder. Dat is de suksesje dy’t wy hjir krije sille. It boek fan Thijsse soe hiel oars wurde as de natuer ynlevere wurdt. It soe in boek wurde mei útlis oer hoe’t it wêze koe yn de gebieten, watfoar bioferskaat der libje koe. Der soene mar een stik of trije plaatsjes yn komme. Fan de brannettel, de toarnbei en de flearbeam. Grien, griener, grienst! Grien en net hiel bysûnder. En dan hawwe wy it noch net iens oer ynsekten en oare bisten dy’t ferdwine sille. Is dat it bioferskaat fan de takomst? Panta rhei, alles is yn beweging. Lit ús by dizze beweging foaral de natuer net fergrieme!

 

novimber 16, 2019 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.