Jan Schokker: De keuringsfûgel

novimber 9, 2019 20:00

Kollum

Myn rydbewiis wie wer oan ferlinging ta. Gewoanwei is dat in administrative hanneling, mar as men ek op in frachtwein trochride wol, dan moat der perfoarst in keuring oerhinne. Nuver, want wêrom eins hegere easken foar it bestjoeren fan in frachtwein? Is it net folle dreger om yn in pruts-folksweintsje mei lytse rútsjes, smelle pedaaltsjes en fierstente krappe stuoltsjes te riden as yn in noflik grutte kabine fan in hege frachtwein? Men hat in folle rommer útsicht en men hoecht gjin 130 te riden. Hoe dan ek: in keuring.

It foarspul wie al spannend, want dan kriget men te meitsjen mei it CBR, in oerweldigjend oerheidsomskot, dat it spoar neffens de berjochten al jierren bjuster is. Dêrom fansels hiene se dêr koartlyn in betûfte Fries yn de kockpit pleatst, ien dy’t by ProRail de boel wer o sa kreas op it goede spoar set hat. Dat ik hie earstoan noch wat betrouwen, mar by it ynloggen mei myn Digi-D bekrûpte my sterk it gefoel dat ik yn de database fan de FBI bedarre wie. Ik hie myn koade om yn te loggen, mar doe moast der fia de telefoan ek noch ris omslachtich in twadde koade komme en pas doe koe ik by myn eigen persoanlike ynformaasje. Ik moast inkelde foar de hân lizzende fragen beäntwurdzje en nei tsien kear ‘nee’ wie ik samar 35 euro lichter. Doe moast de fysike keuring noch komme. De dokter mocht ik och hearkes sels útsykje en ik fûn der ien oan de eastkant fan De Gordyk. Wichtich om te witten is dat de dokter de resultaten fan de keuring digitaal ferstjoere moat, op âlderwetske post binne se by it CBR al net mear ynrjochte.

Nei twa dagen koe ik al terjochte by de keuringstsjinst. Earst de eagetest en dêrnei moast ik nei de sprekkeamer fan de dokter. No ja, dokter, neffens my wie it in studint út De Haach, dy’t wat byfertsjinne as keuringsdokter. De ‘air’ hie er him al eigen makke of oars hie er it fan hûs út meikrige.

‘Hear Schokker, treed binnen in mijn ietwat benauwde spreekkamer. Het ruikt hier helaas wat bedompt. Vandaag heb ik de pech dat ik de gehele morgen alleen maar rokers mocht keuren. Haha….”

No koe dat net wier wêze, want foar my wie in moaie, jonge doarpsgenoate dy’t net smookt en fêst lekker rûkt.

“Wat in rampdei foar jo, dokter, want sjoch, ik bin nochal in sigaarsmoker.”

Hy seach my mei skeane eagen oan. “Och, in paar sigaartjes per dag kan geen kwaad. Sigarenlucht kan bijzonder aangenaam zijn, moet ik zeggen, want die geur doet mij altijd aan mijn geliefde vader denken.”

Dat sit fêst, tocht ik, ik bin al goedkard. Ik smook op syn minst twa Havanna’s yn it kertier, mar dat hoegde dy studint fan warekennis net te witten.

It dokterke sette him foar it byldskerm en sei dat er noch in pear oefeningen en wat strikfragen foar my hie.

“Haha, maar ik help u er wel door, hoor. Kijk kijk, ogen prima, geen teveel aan suiker in de urine. Hoe zou u zelf uw geestelijke gezondheid willen typeren? Goed, matig of slecht?”

“Geweldich.”

“Hmm”, it gesicht gie deuner nei it skerm. “Ik heb slechts de keuze uit drie antwoorden: goed, matig of slecht. Evenwel heb ik de mogelijkheid een toelichting in te voeren, maar dat zou ik persoonlijk als zodanig maar niet doen. Het CBR schiet dan geweldig in de stress en dan rolt er voor u een extra keuring uit. Dat moeten wij niet willen. Haha…”

Doe moast ik sjen litte dat ik de holle 360 graden draaie kin en hoe maklik ik wol net alle oeren fan de dei op hakken en teannen rinne kin en hoe linich ik beide knibbels tagelyk bûge kin en foar’t ik it wist siet de keuring derop.

De jongkeardel lies de antwurden nochris lûdop foar, typte der noch wat by en sei “Geweldig! Ik verstuur het nú naar het CBR. Happetee!”

Net folle letter stjoerde ik myn JSF Defenderke de dyk út en mei in heal oere krige ik al in mail dat ik goedkard wie. It CBR siet blykber al aardich op it goede spoar.

novimber 9, 2019 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.