It riedsel fan de mûzen dy’t (net) samar út de loft foelen

novimber 16, 2019 07:23 Fernijd

Fjildmûs (foto: Cor de Boer)

Dizze simmer wienen de fjildmûzen dy’t by hûnderten tagelyk yn de tunnel fan it Jeltesleat-akwadukt tepletteren, efkes wrâldnijs troch de nije ferslachjouwer foar natuer- en lânskipssaken fan de Ljouwerter Krante, Cor de Boer. Hy wie boppedat gastredakteur foar it resinte nûmer fan De Nije en droech dêr ûnder oaren oan by mei in artikel oer de fassinearjende fjildmûskes dy’t net allinnich de boeren it libben soer meitsje mar bygelyks ek noch bydrage oan de klimaatferoaring.

Ut ‘It jier fan de fjildmûs’ (De Nije, jiergong 1, nûmer 1, side 10): “Neidat it mûzestik yn de LC stie, gie it lykwols hurd. De oare deis dûkten alle lanlike media op ús mûskes, wêrnei’t ek bûtenlânske kollega’s yn ronkjende bewurdingen mei de bistkes oan de haal giene. De Daily Mirror hie it oer ‘dozens of dead rodents strewn across the pavements’. It Dútske Der Westen spriek sels fan ‘einem Massenfriedhof’ en libbe him yn yn it lijen fan de mûskes: ‘Manche von ihnen atmen noch. Ihre kleinen Knochen sind gebrochen…’ Figuerlik sjoen kamen dy fjildmûzen yn juny fansels net samar út de loft fallen.”

Tema fan de nijste jefte fan it Frysktalige tydstkrift De Nije, dy’t no yn tydskriftekiosken, boekhannels en de supermerken fan Poiesz leit, is it spanningsfjild tusken lânskip en ekonomy. It blêd kostet los € 4,95 (yn de winkel); de priis foar in abonnemint (fjouwer jeften yn it jier) is € 17,50. Reaksjes en/of oanmeldings foar abonneminten kinne nei: redaksje.denije@gmail.com.

novimber 16, 2019 07:23 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.