It lykweardige Frysk: fluch oan te learen, sneu foar de ymmigrant en “tweede prioriteit”

novimber 25, 2019 01:24

Troch Henk Wolf

It wie my ûntkaam, moat ik sizze, mar Jan Ybema en Abe de Vries wiisden der fan ‘e wike aldergeloks wol op: wa’t by de provinsje Fryslân wurkje wol, hoecht it Frysk net prate te kinnen. Sels by kulturele fakatueres is behearsking fan it Frysk net in hurde eask. Neffens de advertinsje is in aktive behearsking fan it Frysk sels foar in takomstige beliedsmeiwurker Frysk yn it ûnderwiis net mear as “in pree”. Wol moat sa’n ien it praten en skriuwen fluch leare as er dat noch net kin – moai, mar der sprekt wol út dat ien it Frysk samar efkes op in foldwaande heech nivo oanleare kin. Dêr dogge jo de taal doch wat mei tekoart, woe ik ha: in Frysktalige pabo-studint berikt meastal pas yn it tredde jier fan ‘e stúdzje, nei aardich wat ûnderwiis, nivo B2 yn it Frysk – en dat is noch lang gjin literêr of amtlik nivo, sa’n studint kin it Frysk dan goed genôch om bern der les yn te jaan. Wa’t it Frysk wol ferstiet mar net prate kin, is by de Afûk 26 lessen nedich om ta praten te kommen. Wa’t it Frysk ek net ferstiet, is sels as er gjin oare taken hat as Frysk learen, wol in pear jier fierder foar’t er dy taal goed prate en skriuwe kin.

Lykweardigens

Sok belied is wat nuver as jo sjogge nei it offisjele stânpunt fan de provinsje. Al yn 1985 ha Provinsjale Steaten besletten dat de provinsje Fryslân it Frysk en it Nederlânsk lykweardich behannelje wol. Doch sjocht men noait in advertinsje dêr’t yn stiet dat aktive behearsking fan it Nederlânsk “in pree” is en dat ien dat ûnder it wurk wol leare kin.

Dy lykweardigens liket formeel ek net oerjûn te wêzen. Yn de jildende Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer stiet bygelyks: “De provinsje Fryslân hat op grûn fan har ferantwurdlikens foar it boargjen en de befoardering de wichtige funksje om de Fryske taal sels ek yn al har fasetten te brûken en út te dragen. Dêrmei ferfollet hja de rol fan ‘taalbringer’, brûkt hja it Frysk as folweardige bestjoerstaal en befoarderet hja de status fan it Frysk.” Dy folweardige bestjoerstaal liket yn ‘e praktyk lykwols sa folweardich net as dy oare bestjoerstaal, it Nederlânsk.

Yn eardere taalbeliedsstikken stiet it soms noch helderder. De Nota taalbelied Provinsje Fryslân 2003-2007 hat as ûnthitende ûndertitel ‘Ta rjocht komme: it fanselssprekkend plak fan it Frysk’ en lit dy fanselssprekkendheid útkomme yn de ambysje “it jaan fan foarbyldgedrach op grûn fan lykweardigens en lykberjochtiging fan it Frysk”. Yn in lettere taalnota mei de noch ûnthitender ûndertitel ‘Fan rjocht nei praktyk’, skriuwt de provinsje dat it Fryske fjild graach hearre woe wat de provinsje sels dwaan woe om syn foarbyldrol foarm te jaan. Foar de ynterne kommunikaasje op it Provinsjehûs is neffens dat stik it biedwurd “Frysk, as it heal kin”. Der is blykber in ferskil tusken de praktyk op ‘e personielsôfdieling fan it Provinsjehûs en de ideeën en plannen dy’t bestjoerders, folksfertsjintwurdigers, juristen en amtners op papier set ha.

Polityk en maatskippij

No tink ik gjin tel dat de provinsje Fryslân net wol. Sterker noch, ik bin wat it Frysk oanbelanget folslein oertsjûge fan de goeie wil fan sawol de deputearren as de behanneljende amtners. Ik sjoch alle dagen wer hoefolle jild oft der foar Fryske taal en kultuer útjûn wurdt, hoe’t amtners mei hert en siel dwaande binne mei taalprojekten, hoe’t bestjoerders it Frysk romje. De goeie wil leit it net oan. Wêrom dan doch dat oerdúdlike ferskil yn behanneling fan it Frysk en it Nederlânsk?

Dat komt grif trochdat dat ferskil yn behanneling bûten it Provinsjehûs, yn Fryslân, sa gewoan is. It Nederlânsk is sa normaal dat Nederlanners dy’t op Facebook of yn in sollisitaasjebrief fertelle wat se foar talen kinne, it Nederlânsk dêr faak net by neame. It Frysk wurdt wol beskôge as wat bysûnders. Dy gewoanens feroaret no in bytsje trochdat it Ingelsk hjir en dêr de rol fan it Nederlânsk oernimt, bygelyks op universiteiten, en it Nederlânsk ek in bytsje bysûnder makket, mar oer it generaal is it Nederlânsk de iennichste taal dêr’t fan oannaam wurdt dat jo him behearskje as jo yn Nederlân wenje of wurkje – ek yn Fryslân.

Dêr moat it Provinsjehûs bewust tsjin yngean, wol dat taalbelied oait de taalhâlding fan de minsken yn Fryslân feroarje. Dat kin. Yn Kataloanië jout de oerheid de taal fan de regio (it Katalaansk) op allegear mêden prioriteit boppe de lânstaal (it Spaansk). Dêr bestiet net it idee dat de oerheid de net-sprekker fan de regionale taal beskermje moat tsjin dy taal. Nee, dy krijt fan de oerheid it boadskip mei dat er om funksjonearje te kinnen yn Kataloanië it Katalaansk behearskje moat. Fan de maatskippij krijt er foar it Spaansk itselde boadskip. Hy krijt dus yn ‘e gaten dat er twa talen goed behearskje moat.

Eerste prioriteit voor het Nederlands

Dat is heel wat oars as wannear’t “het Nederlands de eerste prioriteit” krijt, sa’t Jan Ybema skriuwt oer it oplieden fan bûtenlânske wurknimmers fan de provinsje. It boadskip dat it Nederlânsk sa wichtich is, hearre se oeral al, op ‘e dyk, by de bakker, fan ‘e belestingtsjinst en fan de skoalle fan ‘e bern. De provinsje kin dêr just echt belied fiere troch it Frysk op it foarste plak te setten, sa’t Kataloanië dat mei it Katalaansk docht.

Dat betsjut dat dy bûtenlânske wurknimmer wat mear wurk fersette moat as wannear’t er yn Flevolân oan ‘e slach giet. Mar hy krijt der dan ek in ekstra taal by, dy’t him tagong jout ta in ekstra wrâld fan gedachten, boeken, gedichten, iepenloftspullen en muzyk. En as er dêr gjin sin oan hat of der net tûk genôch foar is, moat de provinsje miskien betinke oft der net in oar te finen is dy’t better by de provinsje wurkje kin.

Gefaren en oanrekommandaasjes

It freem fan ‘de sneue ymmigrant’ dy’t yn Fryslân twa talen leare moat, is nammers al in bedriging foar in suksesfol taalbelied. Dy ymmigrant sels is dat net perfoarst, minsken passe har almeast oan de gebrûken fan ‘e gastmienskip oan en ik wit genôch Dútsers, Eastenrikers, Portugezen, Italianen, Amerikanen en Britten dy’t yn Fryslân wenje of der wenne ha en flot Frysk leard ha. Mar as Friezen sels tinke dat twataligens in belêsting is en dat it Nederlânsk prioriteit ha moat boppe it Frysk, dan beledigje se net allinne de tûke ymmigrant, mar sabotearje se ek alle besykjen om beide talen lykweardich te behanneljen op plakken dêr’t ymmigranten omstappe. En sa skeppe se it ûnwinsklike byld fan de ymmigrant as probleem foar it Frysk – “jongens, Juan (of Ulrike of Yusuf) is erbij, dus nu moeten we Nederlands spreken” – in byld dat folslein ûnnedige sosjale spanningen oproppe kin.

Ik hearde koartlyn noch fan in skoalle dy’t asylsikersbern frijstelt fan ‘e Fryske les om dan ekstra lessen Nederlânsk te folgjen en dy skoalle stie yn in o sa Frysktalich plak. En dat binne ek noch bern, dy hoege jo allinnich mar in pear jier tiid te jaan en in soad tsjin har te praten en dan pikke se in grut tal talen sûnder al te folle muoite gewoan op.

De juffen en masters op sa’n skoalle witte nei alle gedachten net better, mar de Provinsje Fryslân betellet en fasilitearret safolle ûndersyk nei meartaligens, dy soe de opdiene wittenskiplike kennis oer effektyf taalbelied, it belang fan de eigen foarbyldrol en de prosessen fan taalwinning sels ek wolris brûke meie om echt wat foar de lykweardigens fan Frysk en Nederlânsk te dwaan. De provinsjale personielssjef, bestjoerder of folksfertsjintwurdiger dy’t sjen wol hoe’t dat yn ‘e praktyk moat, kin ris by de kollega’s yn Kataloanië sjen.

 

 

 

 

novimber 25, 2019 01:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.