‘It Grutte Foarlêsboek II’ yn ûntfangst naam troch Aart Staartjes

novimber 14, 2019 08:44

By de Afûk is ôfrûne sneon 9 novimber it twadde diel fan It Grutte Foarlêsboek ferskynd. Yn it boek steane mear as sechstich ferhaaltsjes, ferskes en gedichtsjes foar bern fan 2 o/m 6 jier. It earste eksimplaar waard mids sa’n 175 belangstellende heiten en memmen yn ûntfangst naam troch bekend Sesamstraat-akteur Aart Staartjes. It boek blykt in sukses te wêzen, dyselde deis gie al 10% fan de oplage fan 2000 stiks de doar út.

Foto: Hippe Kiek Fotografie by Sjoeke

Ein 2018 waard in oprop dien oan alle (begjinnende) skriuwers en yllustratoaren fan Fryslân om in bydrage yn te stjoeren foar de nije edysje fan it foarlêsboek. Der waard massaal reagearre, yn totaal hawwe sa’n 166 minsken wurk ynstjoerd. In tekstredaksje besteande út Tjitske van Dijk, Hermien van der Meer en takomstich Berneboeke-ambassadeur Lida Dykstra beoardiele de teksten en joech guon skriuwers help by it ferbetterjen fan harren wurk. Yllustrator Marijke Buurlage soarge foar de byldredaksje.

Ta eare fan it tsienjierrich jubileum fan it tydskrift én online platfoarm heit&mem waard ôfrûne sneon in feestje holden foar Fryske âlden. Op it feest krige de Rypster akteur Aart Staartjes it earste eksimplaar oerlange. Meneer Aart hie ek noch wol wat tips foar alle foarlêzende âlders: “Je moet je niet aanstellen en geen rare dingen doen, dat vinden kinderen niet leuk. Ouders die andere stemmetjes opzetten vinden ze ook niet leuk. Ja, je moet heel gewoon doen.”

It Grutte Foarlêsboek II is te krijen yn de Afûk-winkel of fia websjop.afuk.frl.

novimber 14, 2019 08:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.