It geheim fan Minke Boersma

novimber 2, 2019 09:30 Fernijd

Ferhaal

Foto: pixabay.com

Doe’t Durk Boersma ris by syn pake en beppe kaam, wie Beppe krekt drok dwaande mei foto’s. Se liet him foto’s sjen dêr’t er sels op stie. Doe liet se him in grutte foto sjen. Hy beseach dy mei omtinken. Op de foto stiene Hindrik Broekstra en de frou en – mei in wite skelk foar – syn eigen mem Minke dy’t al jierren by Broekstra yn de winkel stie. Wat him opfoel wie dat Broekstra en syn mem hast stiif tsjininoar oan stiene. Hy beseach him nochris. Hy fûn dat hy wol likenis mei Broekstra hie.

Syn mem wie in allinnichsteande mem. Somtiden kaam it by him op wa’t syn heit wol wêze koe. As hy ris dryst wie, dan frege er syn mem wolris wa’t syn heit no wol wie. Hy krige der noait andert op. Syn mem sei dan dat se ûnthjitten hie dat it in geheim bliuwe soe tusken him en har. Hy frege dan mar net fierder. Dochs moast Durk der de jûns op bêd hieltiten oan tinke. Miskien dat pake en beppe him mear fertelle koene.

Doe’t er der by beppe oer begûn, helle beppe de foto fan Broekstra en syn mem út in laadsje. Jawis, beppe wist it noch goed. Broekstra syn nije winkel wie iepene. Minke wie krekt oan ’t wurk by Broekstra rekke. Se moast doe sechtsjin jier west hawwe. Minke fertelde thús nea wat oer har wurk. Beppe koe him eins ek net fierder helpe. Durk moast der faak oan tinke. Mar as elkenien de mûle ticht hold, dan kaam er ek net fierder.

Dy sneintemiddei wie it hiel suterich waar. Durk en syn mem sieten yn de keamer.
‘Mei ik mem wat freegje?’
‘Wat wolst dan wol witte, Durk?’
‘Ik bin no tweintich jier en ik soe einlik wolris witte wolle wa’t no myn heit is.’
‘Ik mei dy dat net sizze, jonge.’
‘Ik haw der rjocht op om dat te witten.’
‘Wachtsje mar ôf. Ienris silst it te witten komme.’

It waard stil yn de keamer. Minke wist dat se Durk te koart die. Hy hie gelyk. Mar as se iepen kaart spile, dan kaam der mear oan ’t ljocht. Se stie yn twastriid. Durk hie gelyk, dêr koe se eins neat tsjinyn bringe. Mar wat soe der barre as er de wierheid wol te witten kaam?

Durk siet lulk yn de krante te sjen. Doe’t Minke frege oft er kofje of tee hawwe woe, krige se as andert: ‘Hat mem dat kocht mei wat se mei huorkjen fertsjinne hat?’ Minke gie de keamer út. Se hie it earder fertelle moaten, mar Broekstra hie drige mei ûntslach as se mar eat loslitte soe.

In skoftsje letter moast Durk oan ’t wurk by âlde Wikje, sa’t se neamd waard. Wikje wie sa no en dan in bytsje yn ’e war. Doe’t se Durk deryn litten hie, sei se: ‘Broekstra, it is goed dat jo komme.’ Doe’t Durk wer yn de auto siet, moast er efkes tinke oan wat Wikje sein. Se hie him Broekstra neamd. Wie soks no tafal of wie er in soan fan Hindrik Broekstra, de baas fan syn mem? Hy betocht dat er de foto noch hie dêr’t Broekstra en syn mem op stiene. As er dy no ris neist in pasfoto fan himsels lizze soe. Seach er dan likenis?

De jûns beseach Durk de foto. It kaam him wer in ’t sin. Op de legere skoalle hie in famke tsjin him sein dat er wol winkelman wurde koe, om’t er de deselde noas as Broekstra hie. As hy Broekstra foar ’t blok sette, dan hie soks grif gefolgen foar syn mem. Durk fielde oan dat de wierheid dêroer faaks lang op him wachtsje litte soe.

It wie in heal jier letter. Durk kaam by in klant. Dy wie alhiel oerstjoer.
‘Hast it al heard, Durk? Broekstra leit yn it sikehûs. Se sizze dat er justerjûn in oerhaal hân hat.’ Doe’t er klear wie, besleat er om ris poalshichte te nimmen. Foar syn mem wie it ek in klap. Hy gie de winkel yn. Syn mem stie tsiis te snijen as wie der neat bard.
‘Wat is der mei Broekstra, mem?’
‘Ja, wat moat ik dêroer sizze? Ik haw fan ’e moarn mei syn frou belle. De ûndersiken binne noch oan ’e gong. De dokters sizze dat it slim is. Wy moatte mar ôfwachtsje. Fan ’e middei komt der ien út Ljouwert om de winkel fierder te berêden.’

In pear dagen letter kaam der in telefoantsje. It wie in suster út it sikehûs. Oft hy en syn mem jûns acht oere yn it sikehûs komme koene. Broekstra woe wat mei harren oerlizze.  Fan de âlde Broekstra wie net folle oer. Hy seach fan Durk nei Minke.
‘Ik haw jimme hjir komme litten om jimme, foar safier’t dat kin, rjocht te dwaan. Witst, Durk, ik haw dy altiten as myn soan sjoen. Allinne, ik koe soks net fernimme litte. En dy, Minke, ik haw dy as ûnskuldich famke ferlaat. Ik woe in soan hawwe en by Sjoke krige ik allinne mar famkes. Dêr haw ik dy oan opoffere. Doe’t Durk berne waard, giene der praatsjes oer dy. Ik die oft ik der neat fan ôf wist. Wolle jimme no fuortgean? Yn myn testamint haw ik wat foar jimme regele.’
Se namen ôfskied. Durk seach dat Minke ûntdien wie. Hy koe him dat yntinke. De oare moars kaam frou Broekstra yn de winkel. Se hie in hiel lang besprek mei Minke.

Se kamen werom fan de begraffenis. Durk hie net witten hokker hâlding hy him jaan moatten hie. Durk frege Minke om de saak no ris út de doeken te dwaan. Durk koe fernimme dat Minke eins bliid wie dat se him net langer foar hoegde te ligen. Minke fertelde hoe’t gien wie. Se wie as jong famke by Broekstra oan it wurk gien. Se seach tsjin him op. Freedtejûns waarden de rekkentsjes klearmakke. Hy hie har frege oan him dêrby te helpen. Op in jûn hie er har frege om har út klaaien. Se hie ynearsten wegere. Mar Broekstra hold oan en it wie wenst wurden dat, as se klear wiene, Broekstra en sy mienskip hiene. Doe’t se tweintich wie, murk se dat se swier wie fan Broekstra. In pear dagen ferlyn hie frou Broekstra tsjin har sein dat dy komeedzje dy’t se spile hiene, foar har net nedich west hie. Se wist op har troudei al dat se Hindrik syn iennige leafde net wie.

Abe Westra

novimber 2, 2019 09:30 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.