Iepen Mienskipsfûns stipet 18 projekten op de Fryske Waadeilannen

novimber 27, 2019 08:38

It Iepen Mienskipsfûns ferstrekt yn de tredde omgong fan dit jier subsydzje oan achttjin inisjativen út de mienskip wei. Alle projekten soargje mei-inoar foar in ynvestearring fan goed 1,2 miljoen euro yn de leefberens fan de Fryske Waadeilannen.

Foto: Romy Dam

Ien fan de projekten dy’t jild krije, is it Keningshûs op Skiermûntseach. De stifting ’t Heer en Feer, dy’t it eilanner erfgoed garret, bewekket en bewarret, makket fan it Keningshûs in húskeamer foar kulturele aktiviteiten. Sa kinne eilânbesikers har dêr ferdjipje yn de histoarje fan it eilân en eksposysjes besytsje. En foar de eilanners biedt it Keningshûs ûnderkommen oan de stifting ’t Heer en Feer, de Aldereinsoarch en in skilderklup. ’t Heer en Feer kriget € 35.000. It projekt kostet yn totaal € 98.323.

Iepen Mienskipsfûns
Yn 2020 kin fan moandei 13 jannewaris oant en mei tongersdei 6 febrewaris (17.00 oere) subsydzje út it IMF oanfrege wurde. Letter dat jier folgje noch twa subsydzjeomgongen. Betingst is dat it projekt bydraacht oan it ferbetterjen fan de leefberens. Sjoch foar mear ynformaasje en ynspirearjende projekten op www.streekwurk.frl/imf.

novimber 27, 2019 08:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.