Gryksktalige Italianen sjogge keatsen as manier om taal te rêden

novimber 2, 2019 12:22

Kalabrië (read) yn Italië (kaartsje: Wikipedia)

Yn it uterste suden fan Italië, yn de streek Kalabrië, tsjin Sisilië oan, wennet fanâlds in groep sprekkers fan in Gryksk dialekt. Harren Kalabrysk Gryksk stjert stadichoan út. Der binne mar in pear hûndert sprekkers oer. Dy dogge harren bêst om derfoar te soargjen dat de taal net útstjert.

Trije fan harren wiene dit jier in skoft yn Fryslân. Hja wiene mei in Europeeske subsydzje in skoft yn ús provinsje om ynspiraasje op te dwaan. Omdat it Frysk yn Fryslân folle libbener is as it Gryksk yn Kalabrië, moatte de Friezen wol wat goed dwaan, wie harren redenaasje. Ien fan ‘e trije, Francesco Ventura, fertelde dêr ferline wike op ‘e Fryske Akademy oer.

Sport wie neffens him tige wichtich by it behâld en de fersterking fan de Fryske taal. Dat gou minder foar it fierljeppen, dat tige yndividueel is, of it fuotbaljen, dat net as spesifyk Frysk sjoen wurdt. Benammen it keatsen seach er as in “Fryske taaloäze”, mei’t dat in tiimsport is dêr’t in protte by praat wurdt, dêr’t alle generaasjes inoar tsjinkomme en dêr’t in wiidweidige Fryskeigen wurdskat by bestiet. Wylst Friezen harren neffens Ventura maklik ferbrekke as der in Hollânsktalige by is, bart dat by it keatsen eins net.

Sokke taaloäzen soe er yn syn regio ek wol hawwe wolle. Neffens him sil keatsen yn Kalabrië net sa fluch oanslaan, mar binne muzykgroepen wol gaadlik. De Italiaan wol graach goed Frysk leare en is fan doel om hjir takom jier wer te kommen en dat de PC by te wenjen.

novimber 2, 2019 12:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.