Google wurdt stranger foar politike advertearders

novimber 21, 2019 09:18

Google sil it politike partijen lestiger meitsje om advertinsjes foar kiezers te publisearjen. Advertearders kinne aanst allinnich noch op basis fan âldens, geslacht en lokaasje in doelgroep kieze.

No krije politike partijen ek ynformaasje oer it ynternetgedrach fan brûkers en kinne se op basis fan bygelyks sykskiednis in advertinsje oan in potensjele stimmer rjochtsje. Fan takom wike ôf moat dat yn it Feriene Keninkryk ferline tiid wêze. Oare lannen yn de Europeeske Uny folgje noch foar de ein fan it jier. De rest fan de wrâld is begjin 2020 oan bar.

Sosjale media stean al in skoft ûnder druk om har advertinsjebelied oan te passen yn oanrin nei de Amerikaanske presidintsferkiezings fan takom jier. Google seit ek misliedende boadskippen yn reklames oanpakke te wollen, yn tsjinstelling ta Facebook. Dat platfoarm hat witte litten advertinsjes net op feitlike ûnkrektheden kontrolearje te sillen. Twitter makke ferline moanne bekend om hielendal ophâlde te sillen mei it oanbieden fan politike advertinsjes.

novimber 21, 2019 09:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.