Goed 140 nije Nazcalinen ûntdutsen yn Perû

novimber 19, 2019 08:30

Japanske wittenskippers hawwe yn it sân fan de pampa’s yn Perû 143 nije Nazcalinen ûntdutsen. De universiteit fan Yamagata seit yn in parseberjocht dat de nije saneamde geoglifen fûn binne mei help fan keunstmjittige yntelliginsje en satellytfoto’s.

Foto: Wikipedia/BjarteSorensen – lisinsje CC BY-SA 3.0

Foto: Wikipedia/El GIMP – lisinsje CC BY-SA 2.5 es

Software fan kompjûterbedriuw IBM scande de foto’s op mooglike tekeningen. Sa kamen ûnder oare byltenissen fan fûgels, slangen, fisken en minskeftigen boppe wetter. De nije figueren binne te ferlykjen mei de goed 800 al bekende Nazcalinen, dy’t sûnt 1994 op ’e Wrâlderfgoedlist fan Unesco stean.

De heimsinnige tekeningen binne goed twatûzen jier lyn yn de woastyngrûn fike troch yndianen. Foaral fan boppen ôf binne se goed te sjen, mei’t guon linen hûnderten meters lang binne. Wittenskippers riede noch nei de krekte betsjutting fan de linen. Trochdat it yn it gebiet komselden reint en it der sawat wynstil is, binne se bewarre bleaun.

novimber 19, 2019 08:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.