Gemeente siket âldste fytser fan Waadhoeke

novimber 5, 2019 10:58

De gemeente Waadhoeke organisearret de ferkiezing ‘Aldste fytser fan Waadhoeke’. De âldste persoan dy’t noch geregeld fytst, krijt in bokaal en de titel ‘Aldste fyster fan Waadhoeke. Oanmelde kin oant 30 novimber, de winner wurdt op 13 desimber bekend makke.

Trochtraapje
De ferkiezing is in inisjatyf fan it lanlik programma Doortrappen. Doel fan it programma is om minsken beseffe te litten dat se in libben lang fytse kinne. Troch de fyts te brûken kinne se bygelyks langer selsstannich bliuwe. Ut ûndersyk fan ferkearsûndersyksburo SWOV docht bliken dat benammen âlderen boppe de 75 jier de kâns rinne om slimme ferwûnings op te rinnen by in ferkearsûngemak dêr’t gjin oar ferkear by behelle is. It programma Doortrappen stipet minsken dy’t langer en feilich fytse wolle.

Aksjes
Fan novimber oant takom jier simmer binne der noch mear aksjes dy’t it Beweechteam Waadhoeke en de gemeente mei-inoar útfiere. Sa wurdt der noch in fytstocht organisearre en heakket it team oan by lokale kursussen of aksjes dy’t mei it ferkear te krijen hawwe.

Oanmelde âldste fytser
Minsken kinne harsels of kunde oanmelde by Jannie Paauw, koördinator Doortrappen Waadhoeke. Mail nei j.paauw@waadhoeke.nl. Het makket net út oft der fytst wurdt op in fyts mei twa of trije tsjillen en ek net oft de fyts al of net elektrysk is.

 

 

novimber 5, 2019 10:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.