Gelegenheidsbondel fyftich jier Skriuwersboun
Resint ferskynd
Yn de bondel Nearnewâld stean 44 ferhalen en fersen, dy’t ynspirearre binne op in tekening fan Laurens Bontes. It boek is útbrocht ta gelegenheid fan it fyftichjierrich bestean fan it Skriuwersboun.
Oer it boek:
Libben en dea, leafde en haat, gearwurking en oergeunst, mienskip en iensumens: it is allegear te finen yn Nearnewâld. Der wurdt fochten en frijd, rabbe en swijd, wat dat oangiet is it in plak as alle oare plakken op ’e wrâld.
Omdat It Skriuwersboun fyftich jier bestiet, hat in grut tal Fryske skriuwers en dichters foar harren lêzers dit meartalige Nearnewâld optocht. It útgongspunt wie in tekening fan Laurens Bontes, in sykplaat dêr’t elk in detail út keazen hat. It einresultaat is in mearsidige fantasijwrâld dy’t in soad op uzes liket, in feest likegoed as in drama fan werkenning, ôfwikseljend as it libben sels.
Oer de skriuwers:
It Skriuwersboun hat de belangebehertiging fan skriuwers yn de Fryske taal en syn farianten ta doel. Dêrneist wol it bûn it brûken fan it Frysk foar literêre teksten oanfiterje. Sa ûntstie it plan om by dit jubileum de leden út te nûgjen om har kreatyf te uterjen, om sa ta in nijsgjirrige útjefte te kommen.
Titel: Nearnewâld; It Skriuwersboun 50 jier | Skriuwer: Auteurskollektyf | Tal siden: 162 | ISBN: 978-94-6365-179-0 | Priis: € 24,50
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje