Gâns mear 55-plussers oan it wurk

novimber 24, 2019 09:03 Fernijd

It tal wurkjende âlderen wurdt de lêste jierren hieltyd grutter. Yn it earste fearnsjier fan 2014 wiene der bygelyks hast 1,3 miljoen wurknimmers fan 55 jier en âlder, no binne dat der 1,6 miljoen. It tal 65-plussers mei wurk groeide yn dyselde perioade fan 178.000 nei 265.000.

It CBS yn Heerlen (foto: Wikipedia – publyk domein)

“De fergrizing draacht by oan de groei fan it tal wurkjende 55-plussers. Der binne hieltyd mear minsken fan 55 en âlder”, seit it CBS, dat de nije sifers oer wurksume beropsbefolking publisearre. Ofskaffing fan de fut- en prepensjoenregeling en it ferskowen fan de aow-berjochtige âldens spylje dêrby ek in rol.

Neffens it CBS wiene yn it tredde fearnsjier fan dit jier njoggen miljoen minsken betelle oan it wurk, 106.000 mear as in jier lyn. Sa’n sechtich persint fan dy groei komt út de groep 45 oant 75-jierrigen. It tal wurkjende minsken fan tusken de 15 en 45 jier groeit minder.

novimber 24, 2019 09:03 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.