Fytspaad Reidlânsfeart by Ryptsjerk iepene

novimber 24, 2019 08:57 Fernijd

Ofrûne tongersdei 21 novimber is it fytspaad by de Reidlânsfeart lâns tusken Ryptsjerk en Hurdegaryp iepene. Yn ’e mande mei de doarpsbelangen fan Ryptsjerk en Hurdegaryp, bern fan CBS Alpha út Ryptsjerk en Amber Vis iepene wethâlder Tytsy Willemsma it paad. Amber krige in setsje fytslampkes fan de wethâlder en dielde sels lampkes út oan de bern fan de basisskoalle. It paad is ien fan de maatregels út de Gebietsûntwikkeling Sintrale As.

Foto: Provinsje Fryslân

Amber skreau ferline jier in brief nei de gemeente oer in ûnfeilige oerstek nei de Westerdyk. Har skoalle stiet yn Burgum en se moat mei de fyts ferskate kearen de oerstek meitsje. De fyts- en kuierferbining by de Reidlânsfeart lâns wie in grutte winsk fan de gemeente Tytsjerksteradiel. Der lizze noch plannen foar it oanlizzen fan in fytspaad fan Ryptsjerk nei de E10.

Lânbouferkear net mear oer iepenbiere dyk
It paad by de Reidlânsfeart lâns is foar Ryptsjerk en de Trynwâlden fan belang as rekreative fyts- en kuierferbining tusken de Trynwâlden en Hurdegaryp. De realisearre daam kin ek troch lânbouferkear as oerstek brûkt wurde. Dêrtroch hoege it fee en/of trekkers en lânboumasinen net mear oer de iepenbiere dyk. De Reidlânsfeart is ek opskjinne. Winst dus foar wetterbehear, lânbou, rekreaasje en feilichheid!

Gebietsûntwikkeling De Sintrale As
De Sintrale As (N356) leit der, mar no is it gebiet oan bar. Yn ’e mande mei gemeenten, maatskiplike organisaasjes en ynwenners wol de provinsje dat gebiet noch moaier, sterker en oantrekliker meitsje foar eigen ynwenners en toeristen. Dat wurdt bygelyks dien troch natuer te ûntwikkeljen, de leefberens yn doarpen te fergrutsjen, lânboustruktuer fuort te sterkjen en nije fyts- en kuierpaden oan te lizzen. Dy fêststelde maatregels en projekten foarmje de gebietsûntwikkeling.

novimber 24, 2019 08:57 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.