FvD en PVV tsjin Frysk yn de bus

novimber 28, 2019 14:37

Mei in grutte mearderheid hawwe de Steaten fan Fryslân juster ynstimd mei in útstel fan de FNP foar it brûken en it sichtber meitsjen fan it Frysk yn de bus. It giet der dêrby om dat minsken de mooglikheid hawwe om yn it Frysk mei de bussjauffeur te praten en dat it Frysk oan de bûtenkant en yn de bus sichtber is. De útspraak fan de Steaten sil opnommen wurde yn de konsesje busferfier foar Fryslân tusken 2022 en 2032.

Opmerklik wie dat de PVV én Forum voor Democratie (FvD) tsjin de moasje stimden. De PVV hat de lêste jierren yn de Steaten sawat tsjin alles dat mei it Frysk en de Fryske kultuer út te stean hat stimd: it Frysk by de Omrop, Tresoar, de Fryske sporten en no dus ek dat de ynwenners yn it Frysk mei de bussjauffeur prate kinne.

FvD ûntjout him sa stadichoan ek ta in anty-Fryske partij. Yn de earste taspraak fan Steatelid Jousma sette er him skerp ôf tsjin it brûken fan it Frysk by de Omrop. En alhoewol’t se beide it Frysk yn de macht hawwe, brûkten fraksjefoarsitter Maarten Goudzwaard en Steatelid Wymenga-Kooistra by harren taspraken yn de lêste Steategearkomsten it Nederlânsk. Juster gie FvD dus yn tsjin it belied fan de provinsje Fryslân om it Frysk mear sichtber te meitsjen.

novimber 28, 2019 14:37
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. A. Grijpma novimber 29, 15:57

    De FvD en de PVV horen niet thuis in fryslan. Dat is nu wel bewezen…

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.