Fryslân kleuret oranje

novimber 26, 2019 10:22

Ferskate gemeente yn Fryslân sizze NEE tsjin geweld tsjin froulju. Yn de provinsje kleurje ferskate gebouwen sûnt moandei 25 novimber oranje. De kleur oranje stiet symboal foar in sinnige takomst, frij fan geweld tsjin froulju en famkes. GGD Fryslân slút dit jier oan by de ynternasjonale kampanje Orange the World.

Gemeentehûs Achtkarspelen (foto: Binne Louw Katsma)

Wrâldwide kampanje
Wrâldwiid kriget ien op de trije froulju te meitsjen mei geweld. Yn Nederlân is dat neffens Orange the World sels 45% fan de froulju en famkes. Om dêr omtinken foar te freegjen is 25 novimber troch de Feriene Naasjes útroppen ta de Ynternasjonale Dei tsjin geweld tsjin froulju. De Orange the World-kampanje, dêr’t mear as hûndert lannen oan meidogge, waard moandei ôftrape en duorret oant en mei 10 desimber. Dat binne de ’16 Days of Action’ tsjin geweld tsjin froulju. De kampanje wurdt wrâldwiid koördinearre troch UN Women, de VN-organisaasje foar frouljusrjochten.

Gemeentehûs Tytsjerksteradiel (foto: Binne Louw Katsma)

Gebouwen kleurje oranje
It oranje beljochtsjen fan in wichtich gebou of oar lânmerk troch oerheden is in fêst ûnderdiel fan Orange the World. Ynternasjonaal kleuren earder bygelyks Time Square, de Niagara Falls en de Brandenburger Tor al oranje. Sa litte oerheden sjen dat sy de striid tsjin geweld stypje. Nederlân telt nei alle gedachten dit jier de measte oranje gebouwen en objekten op ’e wrâld, ferspraat oer it hiele lân.

Tongersdei 28 novimber tusken 17.00 en 19.00 oere sil it tiim seksuele sûnens fan GGD Fryslân oanwêzich wêze by de Love-fontein yn Ljouwert. Troch it útdielen fan struibrieven en foarbygongers te freegjen selskes mei oranje kleuren te dielen op eigen sosjale media, wurdt frege de aksje te stypjen.

Sjoch ek op www.orangetheworld.nl.

novimber 26, 2019 10:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.