Fryslân jout kleur oan Rôze Sneon

novimber 13, 2019 08:55

Rôze Sneon kriget €100.000 stipe fan de provinsje.  Yn it wykein fan 19, 20 en 21 juny 2020 is Ljouwert it lanlike poadium foar Rôze Sneon. Dêrmei jout Fryslân syn kleur oan frijheid, tolerânsje en leafde sûnder grinzen. Rôze Sneon is opnommen yn it ynhâldlik program fan LF2028.

Foto: pixabay.com

Rôze Sneon giet oer tolerânsje en ferskaat en wurdt alle jierren yn in oare Nederlânske stêd fierd. Yn it wykein fan 20 juny binne de aktiviteiten rjochte op moeting, feestlikheid en sichtberens. Der wurde om ende by 30.000 besikers ferwachte. Yn hiel 2020 wurkje Tûmba en it COC gear mei alderhande partijen yn Fryslân; yn it ûnderwiis, by kulturele ynstellings en ferskate eveneminten.

Diskriminaasje
Deputearre Douwe Hoogland: “Dizze bydrage past goed binnen it prinsipe fan it bestjoersakkoart Lok op 1. Dêryn sizze we dat organisaasjes dy’t yn ‘e hiele provinsje wat delsette en bydrage oan ûnder oare fermindering fan diskriminaasje, projektsubsydzje oanfreegje kinne. Rôze Sneon is dêr in prachtich foarbyld fan.”

Yn it programma fan Rôze Sneon stean ûnder mear in oekumenyske tsjinst en in ludike parade. Respekt, omgean mei yntolerânsje en ferskaat steane sintraal. Rôze Sneon ûntstie yn 1977 as in Nederlânske ferzje fan de Gay Pride Parade, ynearsten mei in demonstratyf karakter. Op ‘t heden is Rôze Sneon in tema- en feestdei.

novimber 13, 2019 08:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.